Trouamtners
In Bûtengewoan Amtner fan de Boargerlike Stân (BABS) of trouamtner slút út namme fan de gemeente it houlik of registrearre partnerskip. Gemeente Smellingerlân hat 8 betûfte trouamtners yn tsjinst. Sy stelle harrensels hjirûnder graach oan jo foar. Jo kinne jo foarkar fan trouamtner oan ús trochjaan.
Us trouamtners
- Henry Frieswijk
- Klaas Renkema
- Dineke Wagenaar
- Wim Wierda
- Kyra van Wirdum
- Neline van Erkel
- Marjon van der Werf
- Nathalie Simmers
Eigen trouamtner
Neist ús eigen trouamtners kinne jo ek kieze foar in eigen trouamtner. Dat kin in net-beëdige of in beëdige trouamtner wêze, bygelyks in freon of famyljelid, of in beëdige trouamtner út in oare gemeente.
Meld it foarnommen houlik of registrearre partnerskip op syn minst 3 moanne foar de datum dat jo trouwe wolle of it partnerskip registrearje litte wolle.
Tink derom: jo betelje ekstra foar in trouamtner foar 1 dei.
Betingsten net-beëdige trouamtner
Foar in net-beëdige trouamtner hawwe wy de neikommende gegevens en/of dokuminten nedich:
- Verklaring Omtrent Gedrag (VOG); formulier folget nei de melding
- Uttreksel BRP
- Kopy ID-bewiis
- Beëdiging by de rjochtbank (de gemeente freget de beëdiging oan)
De trouamtner foar 1 dei folget in training om it houlik of registrearre partnerskip te sluten.
Betingsten beëdige trouamtner
Foar in beëdige trouamtner hawwe wy de neikommende gegevens en/of dokuminten nedich:
- Bewiis fan beëdiging rjochtbank
- Beneamingsbeslút
- Kopy ID-bewiis
Wannear't jo kieze foar in trouamtner út in oare gemeente, dan sil dy foar ien dei beneamd wurde yn gemeente Smellingerlân. De trouamtner kriget dêr gjin fergoeding foar. De beneaming is ûnbetelle.