Tagonklikens

Ferklearring

Gemeente Smellingerlân stribbet dernei om de eigen online ynformaasje en tsjinstferliening  tagonklik te meitsjen, oerienkomstich it Tijdelijk besluit digitale toegankelijkheid overheid. Dy tagonklikensferklearring is fan tapassing op de ynhâld fan de webside Gemeente Smellingerlân.

Neilibbingsstatus: earste maatregels nommen

Gemeente Smellingerlân ferklearret dat de earste maatregels nommen binne om de webside Gemeente Smellingerlân foldwaan te litten oan it Tijdelijk besluit digitale toegankelijkheid overheid. 

Feedback en kontaktgegevens

Rinne jo tsjin in tagonklikheidsprobleem oan? Of hawwe jo in fraach of opmerking oer tagonklikens? Stjoer ús dan in e-mail en jou dúdlik oan wêr't jo tsjinoan rinne fia online@smallingerland.nl.

Wat jo fan ús ferwachtsje kinne

  • Binnen 5 wurkdagen  krije jo in ûntfangstbefêstiging 
  • Wy ynformearje jo oer de fuortgong en de útkomst
  • Binnen 3 wike is jo fersyk ôfhannele

Applikaasjes fan tredden

Wy meitsje ek gebrûk fan applikaasjes fan tredden om dokuminten lykas pdf's te pleatsen. Tink dêrby oan beslutelisten. Ek meitsje wy gebrûk fan applikaasjes fan tredden lykas de chatfunksje. Om oan de webrjochtlinen foar digitale tagonklikens te foldwaan, binne wy ôfhinklik fan dy tredde partijen. Wy dogge ús bêst om ús webside safolle mooglik tagonklik te meitsjen. Mocht bepaalde ynformaasje dochs net tagonklik foar jo wêze, nim dan kontakt op mei online@smallingerland.nl.

Tagonklik dokumint opfreegje

Wy dogge ús bêst om ús webside safolle mooglik tagonklik te meitsjen. Dochs kin it wêze dat in âlder dokumint noch net goed tagonklik is. In tagonklike ferzje fan dat dokumint kinne jo opfreegje fia online@smallingerland.nl. Jou yn jo mail dúdlik oan hokker dokumint jo graach tagonklik makke hawwe wolle. Wy soargje derfoar dat jo dat sa gau mooglik tastjoerd krije. 

Tagonklikens smallingerland.nl/frysk/Thusside

Wy hawwe de webside troch in ûnôfhinklike organisaasje teste litten op de tagonklikheidseasken. Op dit stuit binne de earste stappen nommen om ús webside https://www.smallingerland.nl/frysk/Thusside tagonklik te meitsjen. Wy wurkje der hurd oan om de webside hielendal tagonklik te krijen.
 

Het toegankelijkheidslabel van Gemeente Smallingerland. Volg de link voor de toegankelijke versie van dit label.

Toegankelijkheidsverklaring smallingerland.nl


Op de webside DigiToegankelijk.nl fine jo mear ynformaasje oer digitale tagonklikens.