Henry Frieswijk
Wêrom kieze jim foar my?
Trouwe of in registrearre partnerskip oangean is in flinke stap yn jim libben. Jim kieze foar inoar en litte dat wetlik fêstlizze. Dat dogge je net efkes samar. Ik fyn it wichtich dat dat offisjele momint soepel ferrint. Yn myn wurk as kommunikaasje-adviseur praat ik in protte en faak foar lytse en grutte groepen. Dat bin ik wol wend. Dochs fyn ik it sluten fan in houlik of in registrearre partnerskip in hiel oare diminsje jaan oan it fenomeen ‘prate yn it iepenbier’. It giet ommers om jim en om jim wetlike ferbyntenis mei inoar. Ik sil altyd freegje wat jim opdracht is oan my om jim wetlike ferbyntenis ta in ûnferjitlik barren te meitsjen. Ik soargje graach foar in persoanlike, belutsen, fleurige en ûntspannen seremoanje.
Wenplak
Drachten
Berop
Kommunikaasje-adviseur
Hobby's
Teäter, tún en telefyzje. Mar ek reizgjen is in favorite beuzichheid!