Klaas Renkema

Trouamtner Klaas RenkemaWêrom kieze jim foar my?

Ik ha foar dizze funksje keazen omdat ik ynteressearre bin yn minsken en graach mei harren praat oer alderhande saken. Krekt sa’n momint yn jim libben is noflik om it oer te hawwen en dat dan te ferwurkjen yn myn taspraak. It biedt my de mooglikheid om, yn in earste petear om mei jim yn de kunde te kommen, ta te wurkjen nei myn bydrage op dy foar jim o sa unike dei. Mei-inoar kinne wy dan stilstean en eventueel weromsjen nei de saken dy’t der mei foar soarge hawwe dat jim keazen hawwe foar dizze wichtige stap yn jim libben.

Ik fyn it moai om de ynformaasje dy’t ik yn it foarpetear mei it breidspear krigen haw, sa te brûken yn myn ferhaal dat it wat spesjaals en persoanliks wurdt en sy harsels dêr dúdlik yn werkenne. Dat moat ek, want it is harren dei en dat moat ûnder en nei de plechtichheid noch hieltyd sa fiele.

Ik wol derfoar soargje dat ek it offisjele part fan dy wichtige dei in noflike, ûntspannen sfear hat, mei jim en de minsken dy’t ticht by jim steane.

Wenplak

Drachten

Berop

Oant 1987 ta ha ik wurke yn de maatskiplike tsjinstferliening by ferskate organisaasjes. Fan 1987 oant 2006 wurke ik by Justysje as finzenisdirekteur yn Feanhuzen en Ljouwert en by de Haaddireksje yn De Haach. Op it stuit jou ik noch les oan meiwurkers fan Justysje (Strafrjocht en maatskiplike en kulturele kennis). Dêrneist bin ik part fan in kommisje fan tafersjoch op plysjesellen en sit ik yn in advysried foar ferpleech- en fersoargingshuzen yn Drinte en Grins.

Hobby’s

Sport(e) en benammen aktyf hurdfytse yn de bergen, kreatyf dwaande wêze en reizgje.