Ofspraak meitsje
In soad saken kinne jo op ús webside maklik sels regelje, lykas it trochjaan fan in ferhuzing of it oanfreegjen fan in fergunning. Foar in tal saken hawwe jo in ôfspraak nedich. Bygelyks foar it oanfreegjen fan in paspoart, ID-kaart of rydbewiis. Jo kinne dy ôfspraak maklik sels online regelje.
Sels online in ôfspraak meitsje
Om online in ôfspraak te meitsjen kinne jo it formulier ûnderoan dizze side ynfolje.
Belje kin ek
Wolle jo graach fia de telefoan in ôfspraak meitsje? Dan kinne jo ús belje op 0512 581 234.
Komme jo der online net út?
Komme jo der online of fia de telefoan net út? Dan binne jo op wurkdagen tusken 08.30 oere en 16.30 oere wolkom op it gemeentehûs. Wy helpe jo graach fierder.