Wim Wierda

Trouamtner Wim WierdaWêrom kieze jim foar my?

Relaasjes jouwe kleur oan it libben. Wy kinne net sûnder. Mei de stap om te trouwen of in registrearre partnerskip oan te gean kieze jim foar inoar. In wichtich en feestlik momint. Yn in persoanlik petear beprate wy jim winsken foar de seremoanje. Wichtige mominten en wearden yn jim libben komme dêrby oan de oarder. Ik gean dêr op in passende wize, mei humor of serieus, mei om. Wichtich is dat jim genietsje en mei in goed gefoel oan dy plechtichheid weromtinke. Ik genietsje derfan dat ik der op jim dei in bydrage oan leverje mei. Dat kan in het Nederlands, mar as jimme dat wolle doch ik it ek graach yn it Frysk.

Wenplak

Drachten

Berop

Miljeukundige by gemeente Smellingerlân

Hobby’s

Ik bin maatskiplik belutsen, doch frijwilligerswurk yn meardere organisaasjes. Ik bin in bûtenminske en wurdt bliid fan fytsen, de natuer, fotografearje, de tún en klussen.