Kyra van Wirdum
Geweldich, jim sille trouwe! No begjinne de tariedingen foar jim grutte dei.
De trouseremoanje sil op jim brulloft miskien wol it wichtichste momint wêze en dan wolst ûntspanne en genietsje kinne. Alhoewol't in trouseremoanje in plechtige oangelegenheid is, wolst ek wille hawwe mei-inoar en mei der lake wurde wylst harkest nei in fertelling fan jim unike love story.
By my meist wêze wa'tst bist en kinst in frisse, ynteraktive, persoanlike speech ferwachtsje, dêr't ek romte yn is foar oandienens. Wannear't jim by my trouwe dan krije jim in sprankeljende seremoanje en steane jim echt efkes tegearre yn de spotlight.