Oer de webside

Dit is de offisjele webside fan de gemeente Smellingerlân. De gemeente Smellingerlân is ferantwurdlik foar de ynhâld fan de webside en docht der alles oan om dy aktueel, korrekt en foar elkenien tagonklik te hâlden. Komme jo dochs wat tsjin dat net korrekt, ferâldere of net tagonklik is? Lit it ús witte. Wy behannelje jo melding binnen fiif wurkdagen. Op reklame en akwisysje reagearje wy net.

Reagearje

Kolofon

Dizze webside wurdt produsearre troch de gemeente Smellingerlân. De sintrale webredaksje leit by it team Klantkontakt, telefoan (0512) 581 234.

Auteursrjochten

De gemeente Smellingerlân hat it auteursrjocht op de ynformaasje, ynklusyf byldmerken, logo’s en fotomateriaal op har webside. It is net tastien de ynformaasje oars as foar persoanlik gebrûk te fersprieden of te kopiearjen sûnder skriftlike tastimming fan de gemeente. Foar neiere ynformaasje oer it gebrûk fan it materiaal nimme jo kontakt mei ús op.

Auteursrjocht fan tredden

Wannear’t tredden foto’s ta beskikking stelle foar publikaasje op dizze webside, dogge sy dêrmei ôfstân fan harren auteursrjocht, rjocht op hannelsmerk en oare yntellektuele rjochten. Hawwe jo op dat mêd fragen of opmerkings, dan hearre wy dat fansels graach.

Argyf

Us webside wurdt alle dagen argivearre. It argyf fine jo op http://smallingerland.archiefweb.eu.

Punten fan kwetsberens melde

Nettsjinsteande alle befeiligingsmaatregels dy’t de gemeente Smellingerlân nimt bliuwt it mooglik dat der in swak plak yn de systemen of de webside te finen is. Untdekke jo in swak plak? Melde jo dat dan by ús. Jo geane dan akkoart mei de ôfspraken oer Responsible Disclosure

Untwerp en technyske realisaasje webside

Us webside is boud mei Green Valley.

Cookies

De webside fan de gemeente Smellingerlân makket gebrûk fan cookies.