Dineke Wagenaar

Wêrom kieze jim foar my?Trouamtner Dineke Wagenaar

Trouwe of in registrearre partnerskip âldfrinzich? Nee juh! In wetlike ferbyntenis slute mei dyjinge dêr’tst it meast fan hâldst is just fan alle tiden. Hoe moai is it datst aanst sizze kinst: “Dit is myn wetlike oarehelte.” In bewuste kar foar inoar. Dat is ek wat my oanspruts om trouamtner te wurden.

Foar in trouamtner is it wichtich datst in goed ferhaal fertelle kinst. Yn myn deistich wurk jou ik ek in protte presintaasjes, dus sprekke foar in groep is gjin probleem. Fan kollega’s en freonen krijik gauris te hearren dat ik hiel boeiend en entûsjast fertelle kin. Ik fyn it ek moai om tuskentiids efkes te switchen fan bygelyks Nederlânsk nei Frysk. It sil by my net gau in ‘steatlik, drûch’ ferhaal wurde. Ik praat Nederlânsk, Frysk (wol mei in dialekt út 'e Wâlden), Ingelsk en Dútsk.

Yn it foar nûgje ik jim graach út foar in bakje kofje. By dat petear kin ik jim better kennen leare en kinne wy mei-inoar beprate watfoar plechtichheid & ferhaal by jim winsken past. Der is in hiel soad mooglik. Ik sil myn uterste bêst dwaan om jim in prachtich momint te besoargjen.

Wenplak

Noardburgum

Berop

Dosint Maatskippijlear

Hobby’s

Dûnsje, polityk, muzyk, lêze, geselligens mei freonen.