Servicenoarmen

Servicenoarmen gemeente Smellingerlân

By gemeente Smellingerlân stiet de minske foarop. Dêrom wurkje wy oan ús tsjinstferliening. Fan 2024 ôf wurkje wy mei fiif klantbeloften. Oan de hân fan dy klantbeloften hawwe wy ús servicenoarmen opsteld.

De fiif klantbeloften

  • Jo binne wolkom;
  • Jo witte wêr't jo oan ta binne;
  • Wy brûke begryplike taal;
  • Wy binne betrouber en saakkundich;
  • Wy stean iepen foar feedback en ferbettering.

Wat meie jo fan ús ferwachtsje?

Wy dogge hieltyd ús bêst om jo better te helpen. Wy hawwe servicenoarmen opsteld dy't dúdlik oanjouwe wat jo fan ús ferwachtsje meie. Jo meie ús oansprekke as wy ús beloften net neikomme. Mar wy hearre it ek graach as jo earne tefreden oer binne. Dat helpt ús om ús tsjinstferliening fierder te ferbetterjen. Jou ús feedback.

Besite gemeentehûs

Komme jo yn it gemeentehûs? Dan kinne jo fan ús ferwachtsje dat:

  • ús gebouwen foar elkenien tagonklik binne;
  • wannear't jo in ôfspraak hawwe, jo binnen twa minuten nei de ôfsprutsen tiid holpen wurde;
  • wannear't jo delkomme sûnder ôfspraak, jo holpen wurde of dat wy in nije ôfspraak mei jo ynplanne. It kin wêze dat jo efkes wachtsje moatte foardat wy jo helpe kinne.

Telefoan

As jo ús op iepeningstiden belje, dan kinne jo fan ús ferwachtsje dat:

  • jo binnen trije minuten in meiwurker oan de telefoan krije;
  • wy jo fraach fuortendaliks beäntwurdzje. As dat net slagget, bringe wy jo yn kontakt mei ien dy't de fraach wol beäntwurdzje kin. Of wy meitsje in fersyk oan om werom te beljen. Jo wurde dan uterlik binnen twa wurkdagen werombelle;
  • wy jo yn gefal fan in telefoanysk sprekoere altyd fuortendaliks trochferbine.

Webside

Us webside is 24 oeren deis 7 dagen yn 'e wike berikber.

  • De ynformaasje op ús webside is oersichtlik, aktueel en maklik te finen.

Sosjale media

As jo in fraach stelle fia ien fan ús sosjale-media-kanalen, kinne jo ferwachtsje dat wy:

  • ûnder iepeningstiden binnen 4 oeren reagearje op jo berjocht;
  • berjochten dy't jûns en yn it wykein ynkomme op de earstfolgjende wurkdei foar 12.30 oere beäntwurdzje.

Chat

Under iepeningstiden fan de gemeente kinne jo chatte mei in meiwurker. Jo kinne fan ús ferwachtsje dat:

  • wannear't jo de chat iepenje, jo binnen 30 sekonden kontakt hawwe mei in meiwurker;
  • wannear't jo bûten ús iepeningstiden fia de chat in fraach stelle, wy dy de earstfolgjende wurkdei beäntwurdzje.

Faktueren

Stjoere jo ús in faktuer, dan kinne jo ferwachtsje dat:

  • nei ûntfangst de faktuer binnen 30 dagen betelle wurdt;
  • Faktueren moatte oan in oantal wetlike easken foldwaan en moatte foarsjoen wêze fan in kontaktpersoan en rûtenûmer. Foldocht jo faktuer net oan de easken, dan wurdt dy nei jo weromstjoerd.

Klachten

Hawwe jo in klacht? Dan kinne jo ferwachtsje dat:

  • jo nei ûntfangst in ûntfangstbefêstiging fan ús krije;
  • jo klacht binnen 6 oant 12 wike ôfhannele wurdt. Mocht dat net slagje, dan nimme wy kontakt mei jo op.

Beswieren

Hawwe jo in beswier yntsjinne? Dan kinne jo ferwachtsje dat:

  • jo nei ûntfangst in ûntfangstbefêstiging fan ús krije;
  • jo beswier binnen 12 wike ôfhannele wurdt. Dy termyn kin ien kear ferlinge wurde mei 4 wiken.