Houlik of registrearre partnerskip
Wolle jo trouwe of in registrearre partnerskip registrearje litte? Dan melde jo dat yn de gemeente dêr't jo trouwe wolle of it partnerskip registrearje litte wolle.
Melding houlik/registrearre partnerskip
Jo dogge online melding fan jo foarnommen houlik of registrearre partnerskip.
By de online melding hawwe jo de neikommende gegevens nedich:
- de DigiD fan jo en jo partner;
- in kopy fan de identiteitsbewizen fan de tsjûgen;
- wêr't en wannear't jo trouwe wolle of in registrearre partnerskip wolle;
- jo jouwe jo eventuele foarkar foar ien fan ús trouamtners troch.
Foarnommen houlik of registrearre partnerskip online trochjaan (mei DigiD)
Kinne jo net fia DigiD melding dwaan? Meitsje dan in ôfspraak om jo melding troch te jaan op it gemeentehûs.
Troulokaasjes
Jo kinne kieze út trije fêste troulokaasjes:
- It gemeentehûs (beskikber o/m augustus 2025)
- Doarpstsjerke De Rottefalle
- Paviljoen De Leyen
Eigen troulokaasje
Jo kinne ek kieze foar in eigen troulokaasje. Dy lokaasje moat foar elkenien tagonklik wêze. As de lokaasje foldocht oan de betingsten, wiist de gemeente de lokaasje oan as troulokaasje foar ien kear.
Trouamtners
Us trouamtners stelle harren graach oan jo foar!
Jo kinne jo houlik of registrearre partnerskip ek slute litte troch in eigen trouamtner. Dêr binne ekstra betingsten en kosten oan ferbûn.
Kosten
Wat kostet in houlik of registrearre partnerskip yn gemeente Smellingerlân?
| Tiid | Kosten |
|---|---|
|
Op tiisdei en tongersdeitemoarn om 09.00 oere sûnder taspraak:
|
fergees foar ynwenners fan gemeente Smellingerlân |
Op wurkdagen fan 09.30 oant 11.30 oere sûnder taspraak:
|
€ 115,30 |
|
Op wurkdagen oant 17.00 oere:
|
|
|
Op wurkdagen tusken 17.00 en 22.00 oere:
|
|
|
Op wurkdagen nei 22.00 oere:
|
|
|
Sneons
|
|
|
Sneins en op feestdagen
|
|
Ekstra kosten
| Kosten | |
|---|---|
| Trouboekje | € 27,40 |
| Tsjûge fan de gemeente, foar elke tsjûge | € 27,40 |
| Trouamtner (BABS) beëdige | € 171,90 |
| Trouamtner (BABS) net beëdige | € 362,80 |
| Opmeitsjen akte en brûken toga (eigen BABS en eigen lokaasje) | € 110,70 |