Offal fuortbringe

By de ekostasjons leverje jo ôffal yn. Faak kin dat fergees, mar net altyd. Tekstyl, plestik, glês en papier kinne jo ek kwyt yn de ekoparkjes. Leverje dêr ek inketpatroanen, batterijen, sparlampen, telefoans, cd’s, dvd’s en adapters yn. Ynleverje by de ekoparkjes is fergees. Sjoch op www.mijnafvalwijzer.nl of yn de Afvalwijzer-app foar in ekoparkje by jo yn 'e buert. Klik hjir foar de folder oer wat der wol en net yn mei.

Ekostasjons

Foar partikulieren

  • De Himmen 99 en De Boech 5; 
  • moandei o/m freed fan 9.00 oant 16.45 oere;
  • sneon fan 9.00 oant 14.45 oere.

Jo kinne jo ôffal fergees ynleverje

By de ekostasjons oan De Himmen en De Boech kinne jo it measte ôffal fergees kwyt. Om it betelber te hâlden binne der wat húsregels opsteld:

  • Leverje jo ôffal by it goede ekostasjon yn.
  • Allinnich foar ynwenners fan Smellingerlân. Wy freegje jo legitimaasjebewiis.
  • Jo kinne gjin bedriuwsôffal ynleverje by de ekostasjons.
  • Offal skieden oanbiede (foar net-skieden ôffal krije jo in rekken).
  • Skied it ôffal fêst thús foar in soepele trochgong op it perron.
  • Maksimaal 6 besikers op it perron.

Ekoparkjes

Op 15 lokaasjes yn de gemeente steane ekoparkjes. Yn dy ekoparkjes fine jo ûndergrûnske konteners foar:

  • glês;
  • papier;
  • tekstyl;
  • plestik en metalen ferpakkingen en drankkartons.

Wêr fynst de ekoparkjes?

  • De Drait, foar de Brede Skoalle oan de Flevo en by parkearterrein Eems;
  • De Trisken, Molkenkelder / Bûthûs;
  • Sintrum, De Merk by Alde Nearring lâns;
  • Sintrum, K.O.-plein by Albert Heyn;
  • Winkelsintrum Noorderpoort (by Aldi en oan Stasjonswei);
  • Bûlevaar M.L. Kingsingel by parkearterrein;
  • Folgeren, De Frisia, by parkearstrook;
  • De Wiken, yngong parkearterrein Mariengaard;
  • De Houtigehage, parkearterrein doarpshûs De Huchte oan De Buorren;
  • Drachtsterkompenije, yn de grienstrook oan It Heechfean;
  • Boarnburgum by de Poiesz oan de Nijewei;
  • Aldegea, Ds Carsjenssingel achter kapsalon yn grienstrook;
  • De Rottefalle, by sportfjild;
  • De Pein, Healwei by fuotbalferiening ONT.

Undergrûnske kontener

Wenje jo yn it sintrum, dan kinne jo jo ôffal yn in ûndergrûnske ôffalkontener kwyt. Foar in ûndergrûnske ôffalkontener hawwe jo in ôfalpas nedich. Freegje dy pas oan op Tuskendjippen 78. Nim by de oanfraach altyd jo ID-bewiis mei. As jo ferhúzje, kinne jo de ôffalpas lizze litte foar de nije bewenner. Bedriuwen betelje in boarch foar de ôffalpas.

Offalpas ferlern/stellen of stikken

By ferlies of stellerij kinne jo in nije pas ophelje. In nije pas kostet € 25,-. Is jo pas stikken, dan krije jo by it ynleverjen fan de stikkene pas fergees in nije pas. Helje de nije pas op by Tuskendjippen 78 yn Drachten en nim jo ID-bewiis mei.

Asbest

Foar asbest jilde spesjale regels. Doch by it fuortheljen fan asbest altyd earst in sloopmelding

Medisynôffal

Leverje medisynôffal yn by jo apoteek of by it ekostasjon oan De Boech.

Swarte grûn fuortbringe

Mei yngong fan 2024 betelje jo € 0,05 de kilo swarte grûn. Jo betelje gjin administraasjekosten. Sa kinne wy de skjinnegrûnferklearring en de ôffierkosten wer betelje. Jo foardiel is dat jo net de kosten foar de skjinnegrûnferklearring (likernôch € 300,00) betelje. Dy kosten diele wy no mei meardere oanbieders.

Wat sjogge wy as swarte grûn? Skjinne túnierde en sân. Mar ek as de túnierde of it sân woartels, gers of oar grien ôffal befettet.

Grûn opnij brûke

Yn stee fan grûn of sân ôf te fieren, kinne jo der ek foar kieze om de grûn/it sân opnij te brûken, bygelyks foar it opheegjen fan de tún.

Oare ûnderwerpen