Slope en asbest fuorthelje
As jo in (part fan in) gebou slope, hoege jo faak allinnich in sloopmelding te dwaan. Meastentiids hawwe jo gjin fergunning nedich. Doch in sloopmelding as der mear as 10 m3 los sloopôffal is (10 m3 is de ynhâld fan in normale boukontener), of as der asbest op dat plak is. Doch de melding minimaal 4 wike foardat jo mei de sloopwurksumheden begjinne, fia it online omjouwingsloket.
Kosten
Foar in sloopmelding betelje jo neat. Asbestgolfplaten oant in hoemannichte fan 35 m2 ynleverje is fergees.
Gebou âlder as 1994
As jo in putsje dogge of ferbouwe yn in gebou dat foar 1994 boud is, is de kâns grut dat der asbest yn sit. Foardat jo begjinne, kinne jo it bêste in asbestynventarisaasje dwaan litte. In saakkundich bedriuw ûndersiket oft der asbest yn it gebou sit. Sjoch op ascert.nl.
Sels asbest fuorthelje
Jo meie sels asbest fuorthelje as it giet om:
- hechtbûne asbesthâldende skroefde platen;
- asbesthâldende fliertegels en/of net-lime asbesthâldende flierbedekking;
- asbesthâldende blombakken of los asbesthâldend plaatmateriaal;
- in totale hoemannichte fan minder as 35 m2.
Omjouwingsfergunning
Yn guon gefallen hawwe jo by it slopen of ferbouwen fan in gebou in omjouwingsfergunning nedich. Foar in omjouwingsfergunning betelje jo leezjes. Dat jildt:
- foar gemeentlike monuminten en ryksmonuminten;
- as de sloop fan it gebou net past by wat der yn it bestimmingsplan stiet.
Berjocht fan de gemeente
De gemeente beoardielet jo melding. Nei de beoardieling krije jo mei de post de tastimmingsbrief.
Dit moatte jo witte
- Meitsje minimaal in wike yn 't foar in ôfspraak om it asbest yn te leverjen. Belje 0512 581 734. Ynleverje kin allinnich op woansdeis.
- Meld jo op it ôfsprutsen tiidstip by de portier fan it ekostasjon. Nim jo identiteitsbewiis en de tastimmingsbrief mei. Us meiwurkers kinne net helpe by it bringen fan asbest nei de konteners. Soargje sels foar help as de asbestpakketten swier binne.
- Soargje derfoar dat jo asbest by de goede kontener bringe. As asbest yn in ferkearde kontener komt, skeakelje wy in spesjaal bedriuw yn dat it asbest dêr fuorthellet. Dêr betelje jo de kosten fan.