Rôlamer oanfreegje
By elke wenning hearre standert 3 rôlamers: ien foar griente, fruit en túnôffal (gft), ien foar restôffal en ien foar papier.
Nije rôlamer
Komme jo yn in nijbouwenning te wenjen en hawwe jo noch gjin rôlamers, freegje dan in set rôlamers oan.
Fermist, skansearre of stikken?
Is jo rôlamer fuort, meld dan in fermissing by de gemeente. Jo krije in nije rôlamer en de chip fan de âlde rôlamer wurdt blokkearre. Is jo rôlamer fuort of skansearre (op in ynsammeldei), freegje ek dan in nije rôlamer oan. Ofhinklik fan de reden fan jo oanfraach kinne de kosten ferskillend wêze.
Is jo rôlamer stikken? Wy reparearje of ferfange de rôlamer.
Ekstra rôlamer oanfreegje
Jo kinne in ekstra rôlamer oanfreegje as jo tefolle ôffal hawwe. Jo slute dêr in kontrakt foar ôf en betelje alle jierren kosten.
Hoe berik ik de gemeente?
Foar nije rôlamers, foar in ekstra rôlamer, foar in skansearre en/of stikkene rôlamer nimme jo kontakt op mei de gemeente. Jo kinne belje, maile of gebrûk meitsje fan it kontaktformulier.
By fermissing fan in rôlamer kinne jo gebrûk meitsje fan it formulier.
Kosten
Reden nije rôlamer | Kosten |
---|---|
Rôlamer fuort of skansearre op in ynsammeldei | Fergees |
Rôlamer fuort of skansearre net op in ynsammeldei | € 42,50 |
Ekstra griene rôlamer | € 111,00 |
Ekstra grize rôlamer | € 184,00 |
Ekstra rôlamer foar ruften by 2 of mear bern ûnder de 4 jier | Fergees |