Tekstyl ynleverje
Kast opromme? Leverje jo tekstyl yn!
Hawwe jo klean, skuon, lekkens, knuffelbisten of gerdinen dy't jo net mear brûke? Leverje it yn by in tekstylkontener. It kin nammentlik goed opnij brûkt wurde. Wy stelle as betingst dat it tekstyl skjin en droech is.
Sammeljen tekstyl
Stopje it tekstyl dat jo kwyt wolle yn in sletten plestik pûde. Tink derom: brûk dêrfoar gjin PMD-pûde. Dy binne te tin, sadat de pûde skuorre kin en it tekstyl wer smoarch en dus ûnbrûkber wurdt. Wy kinne dat tekstyl dan net mear opnij brûke.
Dit mei yn de tekstylkontener
- klean
- skuon, learzens, gympen en sandalen (elk pear oaninoar bûn)
- gerdinen en fitraazje
- dekbêdhoezen, lekkens, dekbêden en tekkens
- handoeken, waskhantsjes en teedoeken
- strikken, rimen, huodden en petten
- stikken mar skjin tekstyl
Dit heart net yn de tekstylkontener
- flierbedekking en tapyt
- matrassen en kessens
- fersmoarge tekstyl
- wiete klean of wiete skuon
- automatten
- oare materialen as tekstyl, lykas papier, rest- of túnôffal
Lokaasje ynleverjen tekstyl
In tekstylkontener fine jo by de ekoparkjes. Sjoch op MijnAfvalwijzer App of www.mijnafvalwijzer.nl foar it ekoparkje dat it tichtstby is.