Offal ophelje
Yn ús gemeente helje wy húshâldlik ôffal skieden op. De ynsammeldagen steane op de ôffalkalinder of ôffalwizer op de webside www.mijnafvalwijzer.nl. Dy ôffalwizer is ek te downloaden as app yn de appstore op jo telefoan.
Grof ôffal
- Grof ôffal kinne wy 4 kear yn 't jier by jo thús ophelje. Belje nei 0512 581 700 om in ôfspraak te meitsjen. Dat kin op wurkdagen tusken 08.00 en 12.30 oere en tusken 13.00 en 16.00 oere.
- Grutte partijen (mear as 1,5 m³) wurde net fergees ophelle. Der komt ien del om te beoardieljen hoefolle it opheljen kostet.
- Bou- en sloopôffal, asbest en ierde helje wy net op.
Griente-, fruit- en túnôffal (gft)
- Gft-ôffal dogge jo yn de rôlamer mei it griene deksel.
- Yn alle gefallen ien kear yn 'e 14 dagen leegje wy de rôlamer (42 kear yn it jier).
- Set de rôlamer op de ynsammeldei foar 07.00 oere oan de dyk.
- Helje de rôlamer foar 23.00 oere wer op.
Plestik, metalen ferpakkingen en drankkartons (pmd)
- Pmd-ôffal sammelje jo yn pmd-pûden.
- Ien kear yn 'e 14 dagen helje wy de pûden op.
- Set de pûden op de ynsammeldei foar 07.00 oere oan de dyk, of hingje se oan in kroanring.
- Pmd-pûden kinne jo ek kwyt yn de ekoparkjes.
Papier en karton
- Papier en karton dogge jo yn de rôlamer foar papier.
- Ien kear yn 'e 4 wike leegje wy de rôlamer.
- Set de rôlamer op de ynsammeldei foar 07.00 oere oan de dyk.
- Helje de rôlamer foar 23.00 oere wer op.
Húshâldlik restôffal
- Restôffal dogge jo yn de grize rôlamer.
- Ien kear yn 'e 4 wike leegje wy de rôlamer.
- Set de rôlamer op de ynsammeldei foar 07.00 oere oan de dyk.
- Helje de rôlamer foar 23.00 oere wer op.
- Wat neist de rôlamer stiet nimme wy net mei.
Bedriuwsôffal
Bedriuwsôffal ophelje litte? Belje de gemeente foar in priisopjefte: 0512 581 700. Dat kin op wurkdagen tusken 08.00 en 12.30 oere en tusken 13.00 en 16.00 oere.
Dit moatte jo witte
- Jo pmd-pûden ophingje oan in lantearnepeal? Belje de gemeente om in kroanring oan te freegjen: 0512 581 700. Dat kin op wurkdagen tusken 08.00 en 12.30 oere en tusken 13.00 en 16.00 oere.
- Wat mei wêryn? Sjoch yn de folder (pdf, 2MB).