Pleachbisten bestride

Oerlêst fan pleachbisten? Bygelyks fan rotten of kakkerlakken? De gemeente hat kwalifisearre ûngediertebestriders yn tsjinst. Us meiwurkers komme graach by jo del om it ûngedierte op te romjen of jo te advisearjen. Jo kinne dêr kontakt foar opnimme mei de gemeente fia 0512 581 700.

Kosten

Foar it opromjen fan in wespenêst betelje jo in fêst bedrach fan € 52,25. Is der in heechwurker nedich foar it bestriden fan wespen? Dy kosten komme noch by it fêste bedrach fan € 52,25.

Moatte der meardere nêsten opromme wurde? Dan jilde de neikommende kosten:

  • twa nêsten: € 78,50 (ynkl. btw);
  • trije nêsten: € 91,50 (ynkl. btw);
  • fjouwer of mear nêsten: € 98,00 (ynkl. btw).

Freegje foar oare pleachbistebestriding in priisopjefte op fia ús kontaktpagina. It bestriden fan rotten is fergees.

Wespen

Wespen kinne jo ek sels bestride. Yn bistespesjaalsaken en túnsintra binne bestridingsmiddels te keap. Is it in grut wespenêst of kinne jo der net by? Belje dan de gemeente op 0512 581 700.

Bestriding rotten fergees

Foar partikulieren is it bestriden fan rotten fergees. Rotten kinne sykten ferspriede fia harren stront, urine en flibe. Se binne dragers fan ferskate firussen, baktearjes en parasiten en foarmje in sûnensrisiko foar minsken en húsdieren.

Muskusrotten

As jo in muskusrôt sjoen hawwe, dan kinne jo dat online trochjaan oan Wetterskip Fryslân.

Bijen

As jo lêst hawwe fan in bijenêst, belje dan in ymker foar advys of it fuortheljen fan it nêst. Op de webside bijenhouders.nl kinne jo kontaktgegevens fine fan ymkers yn 'e buert.

Beskerme bistesoarten

Flearmûzen en martereftigen binne beskerme bistesoarten. Foar it melden fan flearmûzen geane jo nei de webside fan it Meldpunt Vleermuizen Friesland.

Stienmurden

De stienmurd tsjocht op en bewennet ûnderwilens hiele stêden, doarpen en it bûtengebiet. Stienmurden hâlde graach ta yn gebouwen, dêr't ek souders, spouwen, holle flierren en kelders fan wenningen by útkeazen wurde. Dêrneist hâlde se ek graach ta yn holle beammen, takkebosken en kninehoalen. Stienmurden kinne oerlêst jaan lykas lûd en stank yn 'e hûs of skuorre oant it opfretten fan hinnen of it trochbiten fan kabels yn auto's. De stienmurd is in beskerme bistesoart, dêrom kin de gemeente net in soad betsjutte yn de oanpak dêrfan.

Lês mear oer stienmurden

Gemeente Smellingerlân bestriidt de stienmurd net

De stienmurd is in beskerme bistesoart (Wet Natuerbeskerming). De fêste ferbliuwplakken fan de bisten meie net fersteurd wurde. Previnsje wurket it bêste as jo oerlêst foarkomme wolle. Meitsje plakken dêr't stienmurden net winske binne ûntagonklik. 

Wat kinne jo dwaan?

In soad oerlêst is foar te kommen wannear't yn hûs of yn 'e tún op 'e tiid de goede maatregels nommen wurde. Hjirûnder jouwe wy in pear tips om stienmurden te kearen:

  • Tichtsje of ferlytsje alle iepeningen grutter as 4 sintimeter.
  • Hâld hinnen feilich achter goed sletten gaas.
  • Hâld kninen yn hokken dy't murden keare kinne.
  • Ynstallearje in spesjaal murdskroat om de romte ûnder de dakpannen ûntagonklik te meitsjen.
  • Ynstallearje apparaten dy't ultrasoane lûden produsearje.
  • Brûk foar kabels spesjale keunststof spiralen.
  • Brûk in roaster, spray of ultrasoane murdferjeier yn jo auto.
  • Sjoch op desteenmarter.nl foar mear tips en produkten dêr't stienmurden mei keard wurde kinne.

Profesjonele help by kearen stienmurden

Der binne meardere bedriuwen dy't jo helpe kinne by it kearen fan stienmurden. Understeande bedriuwen kinne jo helpe yn de gemeente Smellingerlân. Misse jo in bedriuw dan kinne jo dat oan ús trochjaan fia afval@smallingerland.nl.

Oerlêst melde

Oerlêst fan stienmurden kinne jo melde by Faunabeheer, eenheid Friesland. FBE Fryslân sjocht der op ta dat it faunabelied yn de provinsje Fryslân neffens de troch Provinsje Fryslân goedkarde faunabehearplannen útfierd wurdt. Foar de hiele provinsje hâlde sy harren dwaande mei de omfang fan yn it wyld libjende bistepopulaasjes en mei it behearskjen fan skea en oerlêst troch bistesoarten. Underdiel dêrfan is it registrearjen, ynterpretearjen en dokumintearjen fan gegevens fan skea en oerlêst troch wylde bisten yn Fryslân. Foar in folsleiner byld fan de bistesoarten dy't skea en oerlêst yn Fryslân feroarsaakje freget Faunabehear Fryslân alle oerlêst fan (pleach)bisten te melden.