Omjouwingswet
De Omjouwingswet is in Nederlânske wet dy't giet oer de fysike leefomjouwing. Mei de fysike leefomjouwing bedoele wy alles wat wy nedich hawwe om hjir te libjen, wenjen, wurkjen en rekreëarjen. Dan hawwe wy it oer wetter, lucht, boaiem, natuer, wegen, enerzjy en gebouwen. Dat stie oant jannewaris 2024 yn bestimmingsplannen, feroarderingen en beliedsregels. De Omjouwingswet is op 1 jannewaris 2024 yngien.
Omjouwingsfyzje en Omjouwingsplan
De Omjouwingswet freget fan alle gemeenten en provinsjes om in Omjouwingsfyzje en in Omjouwingsplan te meitsjen. De gemeenteried fan Smellingerlân stelde de Omjouwingsfyzje Smellingerlân yn 2022 unanym fêst. Yn de Omjouwingsfyzje stean de prinsipes en doelen dy't gemeente Smellingerlân hat foar de ynrjochting, ûntjouwing en it behear fan de fysike leefomjouwing. Yn it Omjouwingsplan stiet wat der yn jo omjouwing wol en net mei. Dat stie fóár 2024 yn bestimmingsplannen, feroarderingen en beliedsregels.
Omjouwing derby belûke
Jo belûke jo omjouwing by jo idee, inisjatyf of plan. Dat hjit partisipaasje. Wolle jo bygelyks in oanbou of skuorre pleatse, dan ynformearje jo jo direkte buorlju. Wolle jo in bedriuw begjinne yn jo pân, dan ynformearje jo de bewenners út jo strjitte. Grutte en yngewikkelde plannen freegje in yntinsivere belutsenens út de omjouwing as lytse inisjativen. It is dus ôfhinklik fan jo plan en de gefolgen dêrfan hoe't jo de omjouwing en oare belanghawwenden ynformearje, meitinke of mei bepale litte kinne.
Hoe wurkje wy?
Foar guon fergunningen (bygelyks foar yngewikkelde saken of grutte bou-ûntjouwingen) is yn 't foar oerlis mei de gemeente nedich. Dêrmei ferkenne wy yn 't foar it inisjatyf.
By ienfâldige oanfragen jildt dat jo binnen 8 wike hearre oft jo de fergunning krije. De gemeente kin dat ien kear ferlingje mei maksimaal 6 wike. As in beslút naam is, dan hearre jo dat fan ús en kinne jo dat weromfine op dizze webside.
Omjouwingsfergunning oanfreegje
Hawwe jo (fer)bouplannen? Wolle jo slope, in beam kapje, in ynrit oanlizze of jo bedriuw feroarje? Mei in omjouwingsfergunning regelje jo dat yn ien kear fia it omjouwingsloket. Jo krije binnen 8 wike berjocht.
Hoe't it Omjouwingsloket wurket, wurdt útlein yn in tal animaasjefideo's op de webside fan Ondersteuning Omgevingsloket
Wet kwaliteitsboarging
De Wet kwaliteitsboarging giet ek (foar in part) yn jannewaris 2024 yn. It doel fan de Wet kwaliteitsboarging (Wkb) is om de boukwaliteit te ferheegjen. No hifket de gemeente yn 't foar oft jo bouplan oan de boutechnyske foarskriften foldocht.
Troch de Wkb hifket de gemeente bouwurken mei in leech risiko (Gefolchklasse I) net mear. Jo hiere sels in kwaliteitsboarger yn. Dat is ferplichte.
Omjouwingsfyzje Smellingerlân
De gemeenteried fan Smellingerlân stelde de Omjouwingsfyzje Smellingerlân yn 2022 unanym fêst. Yn de Omjouwingsfyzje stean de prinsipes en doelen dy't gemeente Smellingerlân hat foar de ynrjochting, ûntjouwing en it behear fan de fysike leefomjouwing.
It spoar bjuster yn de begripen binnen de regels leefomjouwing?
Wat is de Omjouwingswet?
De Omjouwingswet is in nije wet dy't foar hiel Nederlân jildt. Dêryn stean alle wetten en regels foar de fysike leefomjouwing. Koartsein in wet dy't giet oer alles wat jo bûten sjogge, hearre of rûke.
Wêrom is de Omjouwingswet nedich?
Sûnt 1810 binne der in soad ferskillende wetten en regels makke foar de bûtenromte, lykas foar boaiem, wetter, diken, miljeu, monuminten, natuer, lûd en nijbou. Dy wetten binne yngewikkeld en se sprekke inoar bytiden tsjin. De losse regels en wetten behinderje faak de ûntwikkeling fan ynnovative, duorsume inisjativen. Dêrom wurde 26 wetten en in pear hûndert regelingen op it mêd fan de leefomjouwing ienfâldiger makke en bondele yn ien Omjouwingswet.
Wannear binne wy begûn en wannear giet de Omjouwingswet yn?
Wy hawwe it fan 2011 ôf oer in stelselferoaring. En uterlik 31 desimber 2029 moat foar alle gemeentlike grûnen yn ien Omjouwingsplan mei regels omskreaun stean wat mei yn in bepaald gebiet. Alle stappen stean op de webside fan it Informatiepunt Leefomgeving omskreaun.
Wat fernimme ynwenners fan de Omjouwingswet?
Ynwenners fernimme miskien yn earste ynstânsje neat fan de Omjouwingswet. Mar as jo wat ferbouwe wolle oan jo hûs of tún en jo freegje in fergunning oan, dan giet dat aanst oars as foarhinne. Jo sykje de regels op yn in nij online loket, it Omjouwingsloket. Yn dat loket kinne jo kontrolearje oft jo in fergunning nedich hawwe en dy ek fuortendaliks oanfreegje. Mar tink derom: meitsje foaral gebrûk fan it Omjouwingsoerlis fan gemeente Smellingerlân as jo in fergunning nedich hawwe fan 'e gemeente om jo inisjatyf ferkenne te kinnen.
Wat is partisipaasje?
De Omjouwingswet soarget der ek foar dat jo meiprate kinne oer de Omjouwingsfyzje, it Omjouwingsplan en de útfiering yn jo gemeente. Dat kin no ek al, mar de Omjouwingswet skriuwt foar dat jo aktiver oansprutsen wurde om mei te tinken.
Wat is it partisipaasjebelied yn Smellingerlân?
Gemeente Smellingerlân fynt it belangryk dat wy mei-inoar ideeën en plannen foar de fysike leefomjouwing soarchfâldich ûntwikkelje. In goed partisipaasjeproses stipet it kommen ta in better plan. Dat betsjut in trajekt dêr't minsken dy't in belang hawwe oan dielnimme kinne. De mieningen fan ynwenners meitsje in inisjatyf faak better. Ynwenners witte goed hokker knyppunten of kânsen der wêze kinne. En as ynwenners partisipearje by in inisjatyf, binne de karren yn dat inisjatyf foar harren ek better te begripen.
Partisipaasje as ûnderdiel fan fluggere beslútfoarming
Foar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried fan Smellingerlân is it belangryk om sa goed mooglik ynsjoch te krijen yn de ferskate belangen dy't by in inisjatyf spylje. Dêrtroch kin de gemeente goed neitinke en soarchfâldich en fluch beslute oer in inisjatyf.
Hawwe jo sels in plan, in inisjatyf?
Wolle jo wat bouwe, delsette of in feest bûtendoar organisearje? Nimme jo in inisjatyf? Dan is it belangryk dat jo de minsken op wa't jo plan in posityf of negatyf effekt hat, by jo plan belûke. Dat hjit partisipaasje. Us Hantrekken kin jo dêrby helpe.
Is partisipaasje ferplichte?
Yn de measte situaasjes is partisipaasje ferstannich, mar net ferplichte. Foar in oantal situaasjes hat de gemeenteried fan gemeente Smellingerlân oanjûn dat partisipaasje wól ferplichte is. Dat is opskreaun en jildt fan it momint fan ynfiering fan de Omjouwingswet ôf.
Wa giet der oan 'e slach mei de Omjouwingswet?
Eins wy allegear! Ynwenners, ûndernimmers en oerheden binne mei-inoar ferantwurdlik foar de kwaliteit en ûntwikkeling fan ús leefomjouwing. Gemeenten lizze yn harren Omjouwingsplan net alles mear oant yn detail fêst, lykas dat earder yn bestimmingsplannen wol it gefal wie. Troch plannen globaler te beskriuwen, ûntstiet romte foar ynisjatyfnimmers om harren plannen út te wurkjen. Sy moatte eventuele belanghawwenden dêr wol by belûke (partisipaasje). De gemeente krijt in mear advisearjende en hifkjende rol.
Wat is in Omjouwingsplan?
Dêr't wy earst ferskate bestimmingsplannen hiene, hawwe oerheidspartijen yn likernôch 7 jier alle regels oer de eigen leefomjouwing yn ien stik te stean: it Omjouwingsplan. Oerheden hawwe oant 1 jannewaris 2032 de tiid om dit plan hielendal yn te foljen. Gemeenten wurkje earst mei in tydlik plan. It is in soad wurk en duorret in skoft foardat alles oant yn 'e puntsjes regele is, lykas de Omjouwingswet it bedoelt.
Wat binne de foardielen fan de Omjouwingswet?
In belangrike ferbettering fan de nije wet is dat by it ynfoljen fan de plannen yn de fysike leefomjouwing tema's lykas sûnens, enerzjytransysje, duorsumens, sosjale en maatskiplike útdagingen noch better meinaam wurde. De bedoeling is dat de kwaliteit fan de leefomjouwing ferbetteret. En dat it proses oer de ynfolling fan de bûtenromte ferhastiget. Dêr hawwe alle ynwenners en ûndernimmers profyt fan. Amtners en ynwenners hawwe yn 'e takomst fia it Omjouwingsloket tagong ta deselde ynformaasje. Boppedat giet it oanfreegjen fan in (omjouwings)fergunning aanst flugger, as de fergunningsoanfraach yn 't foar goed besprutsen is mei de belutsen partijen.
Watfoar feroaring komt der yn 'e omjouwingsfergunning foar de aktiviteit bouwen?
De hjoeddeistige omjouwingsfergunning foar de aktiviteit bouwen is in fergunning dy't in soad oanfrege wurdt. Under de Omjouwingswet binne foar de aktiviteit bouwen soms twa aparte omjouwingsfergunningen nedich: in omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit (1) en in omjouwingsfergunning foar de Omjouwingsplanaktiviteit (2). Dy skieding neame wy 'de knip'.
Wêrom twa dielen fan de omjouwingsfergunning foar bouwen?
Eartiids hifken wy in fergunningsoanfraach ûnder de Wet algemiene bepalingen omjouwingsrjocht (Wabo) oan it bestimmingsplan, de bouferoardering, de easken út it Boubeslút 2012 en de wolstânseasken. As it bouplan foldie oan dy easken dan waard de omjouwingsfergunning ferliend.
Wat hâldt de omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit yn?
By in omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit wurdt it bouplan hifke oan de regels foar de technyske boukwaliteit. De regels foar technyske boukwaliteit binne opnaam yn it Beslút bouwurken leefomjouwing (Bbl). Dy toets is te fergelykjen mei de toets dy't dien wurdt yn it kader fan in omjouwingsfergunning foar de aktiviteit bouwen ûnder de Wet algemiene bepalingen omjouwingsrjocht (Wabo) oan de easken út it Boubeslút 2012.
Is in omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit altyd ferplichte?
Op grûn fan de Omjouwingswet is it ferbean sûnder omjouwingsfergunning in (technyske) bouaktiviteit út te fieren. In omjouwingsfergunning foar de technyske bouaktiviteit is dus yn begjinsel altyd ferplichte. Under de Omjouwingswet binne mear (technyske) bouwurken fergunningsfrij.
Hoe freegje ik nei ynfiering fan de Omjouwingswet in (omjouwings-)fergunning oan?
Hawwe jo in fergunning nedich by in lyts of grut plan, dan besprekke jo dat yn 't foar mei gemeente Smellingerlân yn in saneamd Omjouwingsoerlis (ferkennend petear). Dêr kinne jo dan in finkje by sette yn it Omjouwingsloket of it streekrjocht oanfreegje fia de gemeente. Dat kin jo tiid, kosten en beswieren skele. Lês ek de antwurden op de fraach: Wat is in Intaketafel? en Wat is in Omjouwingstafel?
Wat is it Omjouwingsloket?
Yn it lanlike Omjouwingsloket kin elkenien ynformaasje oer de fysike leefomjouwing op ien plak besjen en fuortendaliks brûke. Alle gemeenten, provinsjes en wetterskippen binne dêrop oansletten. De fragen en taljochting nimme jo mei troch it systeem. It Omjouwingsloket bestiet út 5 ûnderdielen. Inisjatyfnimmers kinne ûnder oare tsjekke oft sy in fergunning nedich hawwe of in melding dwaan moatte. Ek kinne se harren oriïntearje fia regels op in kaart, in Omjouwingsoerlis oanfreegje (ferkennend petear) of in oanfraach yntsjinje.
Wat is de Intaketafel?
By de Intaketafel fan gemeente Smellingerlân sitte minsken mei ferskate funksjes fan de gemeente byinoar om jo plan te besprekken.
Wat is in Omjouwingstafel?
By in Omjouwingstafel gean jo yn petear oer jo plan mei bygelyks ynwenners, ûndernimmers, gemeente, it wetterskip, de provinsje, it Ryk, de omjouwingstsjinst en eksperts. Sa hawwe jo alle belangen, regels, kaders en aksjes dy't noch dien wurde moatte gau helder. Alle partijen tinke mei jo mei en hifkje yn 't foar jo plan om jo fergunningoanfraach ynformeel goed ta te rieden. Mei dy wurkwize hawwe jo al in flinke basis foar jo fergunningoanfraach.
Brosjuere Intaketafel en Omjouwingstafel
Hat de Omjouwingswet ek neidielen?
Krekt as by in ferbouwing stiet noch net alles fuortendaliks op syn plak. Dat duorret efkes en it kin ek wolris ferkeard gean. Alle losse wetten en regels falle aanst ûnder ien nije wet. Dat is nij. Boppedat sille wy as ynwenners, ûndernimmers en oerheid oars mei-inoar gearwurkje. Dat sil yn 't begjin wenne wêze. Uteinlik geane wy derfan út dat mei de Omjouwingswet de beslútfoarming better wurdt en flugger giet en dat plannen flugger útfierd wurde kinne.
Hoe lang duorret in fergunningoanfraach?
De fergunning foar in bouaktiviteit kin binnen 8 wike ferliend wurde. In wiidweidige proseduere foar komplekse plannen duorret oant 26 wike.
Wêr kin ik mear ynformaasje oer de Omjouwingswet fine?
Hawwe jo fragen oer de Omjouwingswet? Sjoch ek op de side fan it Informatiepunt Leefomgeving (IPLO), www.aandeslagmetdeomgevingswet.nl en Wetterskip Fryslân of de Provinsje Fryslân.
Fragen en antwurden bedriuwen
Foar fragen en antwurden ferwize wy nei it Informatiepunt Leefomgeving, omdat dy ynformaasje regelmjittich bywurke wurdt.
Antwurden op fragen fan grutte bedriuwen oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan it midden- en lytsbedriuw oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan advysburo's oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan planologyske buro's oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan lânboubedriuwen oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan brânsjorganisaasjes oer de Omjouwingswet.
Fideo
Besjoch hjirûnder in fideo oer de Omjouwingswet: