Ferkenne inisjatyf fysike leefomjouwing
Hawwe jo (fer)bouplannen? Wolle jo slope, in beam kapje of jo bedriuw feroarje? Of wolle jo jo pân oars brûke as earder de bedoeling wie? Mei in omjouwingsfergunning regelje jo dat yn ien kear.
Fersyk ferkenne inisjatyf
It oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning kostet tiid en jild. Jo kinne earst in 'fersyk ferkenne inisjatyf' by de gemeente oanfreegje, bygelyks as jo wiidweidige bou- of ferbouplannen hawwe, in funksje fan in pân feroarje wolle of in plan hawwe dat net binnen it bestimmingsplan past. Nei in behanneling fan jo fersyk witte jo hokker fergunningen jo nedich hawwe en oft jo oanfraach kâns fan slagjen hat.
Fergees advys
In fersyk ferkenne inisjatyf is fergees. Doch dat foardat jo de oanfraach omjouwingsfergunning yntsjinje. Jo krije binnen 6 wike in reaksje. Ofhinklik fan de kompleksiteit fan it plan kin jo fersyk mear tiid yn beslach nimme.
Net nedich by lytsere bouplannen
By lytsere bouplannen is it meastentiids net nedich om earst in fersyk ferkenne inisjatyf yn te tsjinjen. Bygelyks foar dakkappellen, oan- en útbouwen of oare lytse aktiviteiten lykas it kapjen fan in beam, oanbringen fan in reklame of oanlizzen fan in ynrit. Jo kinne fia it omjouwingsloket de fergunningcheck trochrinne om te checken oft jo in fergunning nedich hawwe.
Prinsipefersyk
Hawwe jo in idee dat net binnen it bestimmingsplan past? Dan kinne jo in prinsipefersyk yntsjinje. Dat dogge jo bygelyks as jo in kantoarpân feroarje wolle yn apparteminten, in wenning bouwe wolle op in plak sûnder wenbestimming, of as jo jo bedriuw (foars) útwreidzje wolle.