Omjouwingswet en partisipaasje

De Omjouwingswet biedt yn in betiid stadium fan in inisjatyf mear romte foar partisipaasje. It giet dêrby om in inisjatyf binnen ús fysike leefomjouwing. Dat betsjut dat minsken op wa't in inisjatyf ynfloed hat, belutsen wurde by dat inisjatyf. Yntiids de omjouwing derby belûke soarget derfoar dat ferskate perspektiven, kennis en kreativiteit gau op tafel komme. Sa soarget partisipaasje foar mear draachflak en bettere besluten. Dat kin ek tiidwinst opleverje.

Hoe't en yn hoefier't minsken derby belutsen wurde, hinget fan it soart inisjatyf ôf. Ek wol logysk, want de lokaasje, it soart beslút, de omjouwing en de belutsenen binne alle kearen oars. En ek it momint dat de partisipaasje úteinset, ferskilt foar elke situaasje.

Wa kin inisjatyfnimmer wêze?

Elkenien mei in plan, in idee foar de fysike leefomjouwing kin in inisjatyfnimmer wêze. Jo, jo buorlju, in projektûntwikkelder, in bedriuw, wy as gemeente of oare oerheden. Elkenien kin mei in inisjatyf (bouplan, event, belied) binnen de fysike leefomjouwing komme.

Jo hawwe in inisjatyf

Wannear't jo in inisjatyf hawwe, dan moatte jo jo omjouwing yntiids by dy plannen belûke. It is ôfhinklik fan jo inisjatyf  en de gefolgen dêrfan hoe't jo de omjouwing en oare belanghawwenden ynformearje, meitinke of mei bepale litte kinne.

 Tink bygelyks oan:

  • Wolle jo in oanbou of skuorre pleatse, dan ynformearje jo jo direkte buorlju, jo kinne yn oerlis gean of in spesifike fraach stelle.
  • Wolle jo in bedriuw begjinne yn jo pân, dan ynformearje jo de bewenners út jo strjitte, jo kinne yn oerlis gean oer it plan of de bewenners in spesifike fraach foarlizze.
  • Grutte en yngewikkelde plannen freegje in yntinsivere belutsenens fan de omjouwing en oare belanghawwenden as lytse inisjativen. Us hantrekken kin jo dêrby helpe.

It inisjatyf fan in oar

Spilet der in inisjatyf yn jo buert, dan binne jo belanghawwende yn boppesteande foarbylden.

Gemeente Smellingerlân hat in inisjatyf

De Omjouwingswet soarget der ek foar dat boargers, bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en oare bestjoersorganen betiid belutsen wurde by ús wetlike ynstruminten binnen de Omjouwingswet: de Omjouwingsfyzje, it Omjouwingsplan en it programma (útfiering) yn de gemeente. Wy jouwe by it beslút oan hoe't wy ynwenners, bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en bestjoersorganen belutsen hawwe by de tarieding en wat de resultaten dêrfan binne. Wy meitsje dan ek yn 't foar in partisipaasjeplan.

Partisipaasjebelied Smellingerlân

Yn Smellingerlân jouwe wy romte oan ideeën en plannen fan ynwenners, organisaasjes en ûndernimmers. Minsken dy't dêr belang by hawwe kinne meitinke, meiprate en soms ek mei beslisse oer ús plannen. De gemeente hat de regels foar partisipaasje opskreaun yn it partisipaasjebelied. It belied biedt regels en stipe om minsken te ynformearjen én partisipaasje te stimulearjen. Yn dat belied stiet hoe't Smellingerlân har partisipaasje foar inisjativen, (belieds-)plannen en projekten yn de fysike leefomjouwing ynfolje wol en binnen de Omjouwingswet ynfolje moat.

Partisipaasje as ûnderdiel foar fluggere beslútfoarming

Foar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried fan Smellingerlân is it belangryk om sa goed mooglik ynsjoch te krijen yn de ferskate belangen dy't by in inisjatyf spylje. De gemeente belûkt dy ynformaasje by de ôfwaging fan belangen. Wannear't de gemeente by in winske kompleks inisjatyf ynformaasje mist, kin de gemeente sels ek beslute har ynformaasje by belanghawwenden te heljen. De ferantwurdlikens foar partisipaasje leit lykwols by de inisjatyfnimmer.

Is partisipaasje ferplichte?

Partisipaasje is winsklik, mar net altyd ferplichte. De gemeenteried hat gefallen oanwiisd dêr't partisipaasje wol by ferplichte is. It giet dan om plannen dy't net binnen it omjouwingsplan passe en dêr't in fergunning foar nedich is. Jo kinne dêr mear oer lêze yn it partisipaasjebelied.

Fideo

Besjoch hjirûnder in fideo oer de Omjouwingswet en partisipaasje: