Wet kwaliteitsboarging (Wkb)

It doel fan de Wet kwaliteitsboarging is om de boukwaliteit te ferheegjen. De gemeente hifke oant 1 jannewaris 2024 yn 't foar oft jo bouplan oan de boutechnyske foarskriften foldie. Troch de Wet kwaliteitsboarging docht de gemeente dat foar de bouwurken mei in leech risiko (gefolchklasse I) net mear. Jo hiere sels in kwaliteitsboarger yn. Dat is ferplichte.

  • De Wet kwaliteitsboarging foar nijbou binnen de gefolchklasse I jildt fan 1 jannewaris 2024 ôf.
  • De Wet kwaliteitsboarging foar ferbouwingen binnen de gefolchklasse I giet wierskynlik yn fan 1 july 2025 ôf. Jo hoege as inisjatyfnimmer by ferbouwingen dan pas in kwaliteitsboarger yn te skeakeljen.

Wat docht in kwaliteitsboarger 

De kwaliteitsboarger hifket de boutechnyske aspekten by de bou. De kwaliteitsboarger kontrolearret foar en by de bou oft it bouplan foldocht oan de boutechnyske foarskriften. Dy foarskriften gean bygelyks oer brânfeiligens, fundearring of enerzjysunigens. De foarskriften stean yn it ‘Besluit bouwwerken leefomgeving’ en it Omjouwingsplan.

Tafersjoch hâlde giet fia in ynstrumint foar kwaliteitsboarging. Private partijen ûntwikkelje dy ynstruminten en wurde dêrnei keurd troch de Toelatingsorganisatie Kwaliteitsborging Bouw. As it ynstrumint oan de easken foldocht, mei it brûkt wurde foar kwaliteitsboarging.

Hokker bouwurken falle ûnder de Wet kwaliteitsboarging

De Wet kwaliteitsboarging jildt foar bouwurken yn de gefolchklasse I. De gefolchklasse seit wat oer hoe risikofol oft in bouwurk is. Yn gefolchklasse I giet it om bouwurken mei in leech risiko. Bygelyks:

  • Wenningen
  • Wenboaten
  • Rekreaasjewenningen
  • Yndustrygebouwen fan maksimaal twa boulagen

Dêr binne in oantal útsûnderingen op. Bygelyks as jo yn of op in monumintaal pân bouwe sille.

Foar bouwurken yn gefolchklasse I moatte jo in kwaliteitsboarger ynhiere. Ek moatte jo in boumelding en in reemelding yntsjinje. De bouwurken dy't ûnder gefolchklasse I falle binne te finen op de webside Informatiepunt Leefomgeving

Gefolchklasse II en III

By gefolchklasse II en III giet it om risikofolle bouwurken. Bygelyks appartemintekompleksen, skoallen of hotels. Foar dy bouwurksumheden hawwe jo foarearst noch in omjouwingsfergunning nedich. It is mooglik dat dat oer fiif jier feroaret.

De gemeente hifket komplekse bouplannen sels oan de boutechnyske foarskriften. Ek hâldt de gemeente tafersjoch by de bou. Jo hoege gjin kwaliteitsboarger yn te hieren.

Yn hokker gefolchklasse falt jo bouwurk?

Fia de fergunningencheck fan it Omjouwingsloket kontrolearje jo yn hokker gefolchklasse jo bouwurk falt.

Hoe wurket it aanst as jo (fer)bouwe sille?

Bouwurk yn gefolchklasse I 

Jo kontrolearje oft jo in omjouwingsfergunnig nedich hawwe. De omjouwingsfergunning hat der mei te krijen oft it bouwurk past yn de omjouwing. De gemeente kontrolearret oft jo oanfraach foldocht oan de regels yn it Omjouwingsplan. Bygelyks oft jo bouplan foldocht oan de wolstânseasken. 

Binnen 8 wike beslist de gemeente oft jo oanfraach akseptearre of ôfwiisd wurdt.

Neist in omjouwingsfergunning moatte jo ek in boumelding en in reemelding yntsjinje. De meldingsplicht giet oer de boutechnyske foarskriften. 

Bouwurk yn gefolchklasse II en III

Foar bouwurken yn gefolchklasse II en III hawwe jo in omjouwingsfergunning (omjouwingsplanaktiviteit en bouaktiviteit) nedich. Dy kinne jo oanfreegje fia it Omjouwingsloket.

Stappeplan melding gefolchklasse I

Stap 1. Ynhiere kwaliteitsboarger:

Jo hiere sels in kwaliteitsboager yn. Op de webside Toelatingsorganisatie Kwaliteitsborging Bouw fine jo in list mei kwaliteitsboargers.

Stap 2. Boumelding yntsjinje:

Jo meie net begjinne mei bouwen, foardat jo in komplete melding yntsjinne hawwe. Minimaal fjouwer wike foardat de bou begjint, tsjinje jo de boumelding yn fia it Omjouwingsloket. Dêr jouwe jo ek oan wa't jo kwaliteitsboarger is.

Leverje alle ynformaasje oan dêr't om frege wurdt. Jo krije fan de gemeente te hearren oft jo melding akseptearre of ôfwiisd is. Untbrekt der ynformaasje? Dan moatte jo in nije melding yntsjinje. Fjouwer wike nei it yntsjinjen fan de melding meie jo mei de bou begjinne.

Stap 3. Start bou:

Twa dagen foar it begjin fan de bou jouwe jo dat troch fia it Omjouwingsloket..

Stap 4. Kontrôle troch kwaliteitsboarger:

De kwaliteitsboarger kontrolearret oft oan de boutechnyske foarskriften foldien wurdt. De gemeente bliuwt it befoege gesach. As der in reden foar is, kontrolearret de gemeente oft der oan de boufoarskriften foldien wurdt. Ek as der gjin boumelding of reemelding yntsjinne is, kin de gemeente hanthavenje. De kwaliteitsboarger kin dat net.

Jo krije in ferklearring fan de kwaliteitsboarger as it fertrouwen bestiet dat it bouwurk oan de boutechnyske foarskriften foldocht.

Stap 5. Ein fan de bou:

Ien dei nei it ophâlden fan de bou jouwe jo dat troch fia it Omjouwingsloket.

Stap 6. Reemelding:

Jo meie it bouwurk net brûke foardat jo in folsleine reemelding yntsjinne hawwe. Minimaal twa wike foardat jo it bouwurk yn gebrûk nimme wolle, tsjinje jo in reemelding yn fia it Omjouwingsloket.

Jo krije fan de gemeente te hearren oft jo melding akseptearre of ôfwiisd is.

Easken boumelding en reemelding

Yntsjinje boumelding

De boumelding moat de neikommende gegevens befetsje (artikel 2.18 Beslút bouwurken leefomjouwing):

  • Namme, adres en telefoannûmer fan dyjinge dy't it bouwurk bout;
  • Namme, adres en telefoannûmer fan in folmachtige (as dy de melding yntsjinnet);
  • E-mailadres (as melding elektroanysk dien wurdt) fan dyjinge dy't it bouwurk bout of fan de folmachtige;
  • Deitekening;
  • Adres, kadastrale oantsjutting of koördinaten fan de lokaasje dêr't de aktiviteit plakhat;
  • In beskriuwing fan de bouaktiviteit, ynklusyf de gebrûksfunksje fan it bouwurk;
  • Wa't de kwaliteitsboarger is en mei hokker ynstrumint foar kwaliteitsboarging de kwaliteitsboarger wurket;
  • Risikobeoardieling;
  • Boargingsplan. It boargingsplan leverje jo yn by de boumelding. It boargingsplan beskriuwt yn alle gefallen (artikel 3.80):
    • it ta stân kommen derfan;
    • de aard en omfang fan de út te fieren kwaliteitsboarging;
    • de foar de kwaliteitsboarging einferantwurdlike persoanen;
    • hoe't de ûnderskate ûnderdielen fan it bouplan yn gearhing beoardiele wurde;
    • hoe't yntegraal beoardiele wurdt oft de bouwurksumheden foldogge oan de boufoarskriften (bedoeld yn de haadstikken 4 en 5 fan it Beslút bouwurken leefomjouwing);
    • yn hokker gefallen en op hokker mominten it boargingsplan aktualisearre wurdt;
    • hokker noarmen of kwaliteitsferklearringen bou (artikel 2.14, lid 2 en 3) of lykweardige maatregels (artikel 2.4) by de bouwurksumheden tapast wurde;
    • op hokker bouwurksumheden de beoardieling op syn minst rjochte is en by hokker bouwurksumheden rekken hâlden wurdt mei oare kwaliteitsboargingssystemen.

Yntsjinje reemelding

Nei it opleverjen fan it bouwurk moat in reemelding yntsjinne wurde by it befoege gesach. De reemelding bestiet út: 

  • Namme, adres en telefoannûmer fan dyjinge dy't de boumelding dien hat;
  • Adres, kadastrale oantsjutting of koördinaten fan de lokaasje dêr't de bouaktiviteit útfierd is;
  • Deitekening;
  • It 'dossier befoege gesach' dat bestiet út:
    • de ferklearring fan de kwaliteitsboarger;
    • ynformaasje (as dy fan belang is) dy't yngiet op de troffen maatregels yn it boargingsplan om boutechnyske risiko's foar te kommen of te beheinen;
    • oantsjutting fan de gebrûksfunksjes, ferbliuwsgebieten, ferbliuwsromten en de ôfmjittingen en de besetting fan alle romten, ynklusyf totaaloerflakten foar elke gebrûksfunksje;
    • Ynformaasje dêr't út bliken docht dat it bouwurk foldocht oan de regels oer:
      • boukonstruksje;
      • luchtferfarsking;
      • enerzjysunigens;
      • miljeuprestaasje;
    • ynformaasje oer brânfeiligens (deselde ynformaasje as dy't nedich is by in melding brânfeilich gebrûk yn artikel 6.8, lid 1, ûnder d, ûnder 4° en 5°  Beslút bouwurken leefomjouwing);
    • ynformaasje oer tapaste lykweardige maatregels (artikel 4.7 fan de Omjouwingswet).

Bysûndere lokale omstannichheden

By it bouwen ûnder kwaliteitsboarging moatte bysûndere lokale omstannichheden of risiko's meinaam wurde as útgongspunt by de risikobeoardieling en it boargingsplan. Hjirûnder lêze jo mear oer de lokale omstannichheden dy't in rol spylje kinne by jo projekt.

Yn it Omjouwingsplan binne regels opnaam dy't spesifyk jilde foar in lokaasje. Jo fine dy by it Omjouwingsloket ûnder:

Regels op de kaart

Kaarten leefomjouwing

Hjir fine jo ynformaasje oer de neikommende ûnderdielen:

Kaarten leefomjouwing

Fierdere ynformaasje

Wy advisearje jo kontakt mei ús op te nimmen as jo fragen hawwe oer bysûndere lokale omstannichheden.