Omjouwingsplan

Yn in Omjouwingsplan stiet wat der yn jo omjouwing wol en net mei. Dat stiet no noch yn bestimmingsplannen, feroarderingen en beliedsregels. Yn in Omjouwingsplan stean alle regels byinoar. Bygelyks regels foar eveneminten, bouwurken, lûd, of it kapjen fan beammen. Mar ek útlis oer partisipaasje, positive sûnens en duorsumens.

Yn in Omjouwingsplan wurdt útlein wat it oanbelangjende gebiet sa bysûnder makket. Lânskiplike wearden, lykas romte, rêst en wetter, en maatskiplike wearden, lykas mienskip en dialooch, wurde foar dat gebiet beskreaun.

De kommende jierren wurkje wy oan de oerstap fan losse bestimmingsplannen nei ien Omjouwingsplan foar alle gebieten binnen ús gemeente. Dat moat op syn lêst 1 jannewaris 2032 klear wêze.

 

Infographic omjouwingsplanFideo omjouwingsplan

Besjoch hjirûnder de fideo oer de Omjouwingswet en it Omjouwingsplan: