Alkoholwetfergunning kommersjele bedriuwen
Kafees, restaurants en sliterijen hawwe in drank- en hoarekafergunning nedich om alkohol te ferkeapjen. Hoarekabedriuwen hawwe dêrneist ek in eksploitaasjefergunning nedich foar it eksploitearjen fan in hoarekabedriuw. Foar in terras freegje jo in terrasfergunning oan. Jo freegje alle nedige fergunningen tagelyk oan.
Belje foar in ôfspraak: 0512 581234
Betingsten
Foar in alkoholwetfergunning moat jo bedriuw oan in oantal betingsten foldwaan:
- Jo bedriuw stiet ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel (KvK).
- In hoarekabedriuw hat op syn minst ien romte mei in minimale oerflakte fan 35 m2.
- In sliterij hat op syn minst ien romte fan minimaal 15 m2. Ek moat de sliterij skieden wêze fan oare funksjes fan it pân, lykas in winkel.
- Jo bedriuwspân foldocht oan it Beslút Bouwurken Leefomjouwing (Bbl).
Betingsten oan liedingjaanden
De Alkoholwet stelt ek easken oan de liedingjaanden yn jo bedriuw. Op syn minst twa liedingjaanden foldogge oan de neikommende easken:
- Se binne 21 jier of âlder.
- Se foldogge oan in tal easken wat de seedlikens en moraliteit oangiet. Dat betsjut bygelyks dat in liedingjaande gjin strafbere feiten begien hat. Wy dogge dêr in antesedinte-ûndersyk nei.
- Se steane net ûnder kuratele.
- Se steane ynskreaun yn it Register Sosjale Hygiëne.
Liedingjaanden tafoegje of fuorthelje
Kosten
De kosten (leezjes) foar it yn behanneling nimmen fan in oanfraach binne:
Fergunning | Kosten |
---|---|
Hoarekafergunning foar kommersjele hoareka | € 207 |
Eksploitaasjefergunning | € 166 |
Terrasfergunning | € 70 |
Terras de m2 | € 13,80 it jier |
Oanfreegje
Wolle jo in fergunning oanfreegje? Belje de gemeente en meitsje in ôfspraak. Us telefoannûmer is 0512 581234.
Nei jo oanfraach
Nei jo oanfraach kontrolearje wy oft jo oanfraach foldocht oan de Alkoholwet en de Wet Bibob. Sliterijen moatte ek foldwaan oan de Alkoholregeling. Fergunningsoanfragen fan hoarekabedriuwen moatte ek foldwaan oan de Algemiene Pleatslike Feroardering Smellingerlân.
Jo krije binnen 8 wike nei jo oanfraach berjocht.