Liedingjaanden tafoegje of fuorthelje

Stelle jo nije liedingjaanden oan dy’t net op jo hoarekafergunning steane? Of wolle jo liedingjaanden fuorthelje? Meld dat by de gemeente. De nije liedingjaanden folje in ferklearring yn. Jo krije in ûntfangstbefêstiging.

Wiziging liedingjaanden hoareka trochjaan

Dit hawwe jo nedich

  • folslein ynfolle en ûndertekene ferklearring fan de nije liedingjaanden (pdf);
  • kopy fan in jildich paspoart of identiteitskaart fan de nije liedingjaanden;
  • kopy fan de Ferklearring Sosjale Hygiëne fan de nije liedingjaanden;
  • kopy fan in ûndertekene arbeidskontrakt mei de nije liedingjaanden (wannear’t dat fan tapassing is).

Dit moatte jo witte

  • Liedingjaanden binne 21 jier of âlder.
  • Liedingjaanden binne de lêste 5 jier net feroardiele foar in strafber feit.
  • Liedingjaanden steane net ûnder kuratele en binne ek net út it âlderlik gesach of de fâdij ûntset.
  • Liedingjaanden foldogge oan seedlikenseasken en hawwe in Ferklearring Sosjale Hygiëne (www.svh.nl).
  • Under iepeningstiid fan de hoareka-ynstellingen is de oanwêzigens fan in liedingjaande ferplichte.
  • As jo in ûntfangstbefêstiging fan de melding ûntfongen hawwe, mei de persoan optrede as liedingjaande yn jo hoarekabedriuw. Soargje dat der in ôfskrift fan de melding en de ûntfangstbefêstiging oanwêzich binne yn jo hoarekabedriuw.
  • De gemeente toetst de nije liedingjaande op alle wetlike easken. Foldocht de oanmelde liedingjaande net oan de easken, dan mei er, fan it momint ôf dat jo dêroer ynformeare binne, net mear optrede as liedingjaande yn jo hoarekabedriuw.