Bibob
Yn gemeente Smellingerlân fine wy feilich wenjen en ûndernimmen belangryk. Dêrom hawwe wy in tal regels opsteld dy't foarkomme moatte dat der misbrûk makke wurdt fan ús tsjinsten, lykas fergunningen, subsydzjes, fêstgoedtransaksjes en oerheidsopdrachten. Dy regels steane yn de Beleidsregels Bibob gemeente Smallingerland 2025.
Wat is de Wet Bibob?
Bibob stiet foar 'bevordering integriteitbeoordelingen door het openbaar bestuur'. It doel fan de Wet Bibob is foar te kommen dat de gemeente kriminele aktiviteiten of it wytwaskjen fan krimineel fertsjinne jild mooglik makket. De gemeente fiert dêrom in Bibob-ûndersyk út by aktiviteiten dy't in ferhege risiko op kriminaliteit hawwe. Mei dat ûndersyk kontrolearret de gemeente ien syn yntegriteit, dus oft ien te fertrouwen is en net belutsen is by kriminele aktiviteiten. De gemeente kin ek ien út ien syn saaklike omjouwing ûndersykje.
Wat kinne de gefolgen wêze fan in Bibob-ûndersyk?
De gemeente kin oan de hân fan de útkomsten fan it Bibob-ûndersyk beslisse gjin fergunning, ûntheffing, subsydzje of oerheidsopdracht te jaan, of gjin fêstgoedtransaksje te sluten. De gemeente kin der ek foar kieze om ekstra betingsten op te nimmen. Ek kin de gemeente beslisse om in fergunning of subsydzje yn te lûken of mei in oerienkomst op te hâlden.
Bibob-ûndersyk
De gemeente begjint altyd mei in eigen Bibob-ûndersyk. De belutsene moat dêrfoar in Bibob-frageformulier ynfolje en ynleverje by de gemeente. De belutsene moat ek alle dokuminten (taheakken) ynleverje dêr't yn it frageformulier om frege wurdt.
De gemeente kin ek it Landelijk Bureau Bibob (LBB) in ûndersyk dwaan litte. It LBB hat tagong ta mear ynformaasje as de gemeente, lykas ynternasjonale ynformaasje en ynformaasje fan ynljochtingetsjinsten. De gemeente lit it LBB allinnich in ûndersyk dwaan as sy dat echt nedich fynt.
De útkomst fan it Bibob-ûndersyk wurdt mei de belutsene dield. De útkomsten fan dat ûndersyk binne fertroulik. Sawol de gemeente as de belutsene hawwe geheimhâlding oer de útkomsten en meie dêr neat oer nei bûten ta bringe.
Bibob yn byld
By de neikommende aktiviteiten wurdt in Bibob-toets útfierd:
- In fergunning foar:
- in hoarekabedriuw (ek coffeeshops);
- in spylautomatehal
- in seksynrjochting of eskortbedriuw;
- in smartshop, headshop, growshop, belwinkel of nachtwinkel;
- In fergunning foar in bouaktiviteit, omjouwingsplanaktiviteit of in miljeubelêstende aktiviteit, it feroarjen fan in omjouwingsplan, in evenemintefergunning of in omsettings-/splitsingsfergunning, as der sprake is fan:
- in risiko-aktiviteit
- in risikogebiet
- By in fêstgoedtransaksje dêr't de gemeente partij yn is, as der sprake is fan:
- in risiko-aktiviteit
- in risikogebiet
By de neikommende aktiviteiten dogge wy soms in Bibob-toets, mar net altyd:
- Subsydzjes
- Oerheidsopdrachten
Mear ynformaasje
Op de webside fan de Ryksoerheid fine jo mear ynformaasje oer de Wet Bibob.