Hoarekafergunning
Hawwe jo in hoarekabedriuw, sliterij, sportkantine of doarpshûs? Foar it ferkeapjen of skinken fan alkohol en alkoholfrije dranken hawwe jo in fergunning nedich.
Wannear fergunning
Jo hawwe in (nije) fergunning nedich as:
- jo in hoarekabedriuw/sliterij starte, ferhúzje of oernimme.
- de ynrjochting fan jo hoarekabedriuw/sliterij boutechnysk feroaret.
- jo ûndernimmingsfoarm feroaret.
- jo in terras eksploitearje wolle by jo hoarekabedriuw.
Ferskate fergunningen
Watfoar fergunning jo nedich hawwe, hinget ôf fan jo situaasje:
- Hoarekabedriuwen en sliterijen dy't alkohol skinke of ferkeapje freegje in alkoholwetfergunning kommersjele hoareka oan.
- Sportferieningen en doarpshuzen hawwe foar it skinken fan alkohol in alkoholwetfergunning parakommersjele hoareka nedich.
- Snackbars, broadsjesaken en oare hoarekabedriuwen dy't allinnich alkoholfrije dranken skinke hawwe in hoarekafergunning drûge hoarekabedriuwen nedich.
- As klanten iten en drinken by jo hoarekabedriuw konsumearje, hawwe jo in eksploitaasjefergunning nedich.
- Foar it hâlden fan in terras freegje jo in terrasfergunning oan.