Fergunning drûge hoareka
Hawwe jo in hoarekabedriuw, mar skinke jo allinnich alkoholfrije dranken? Dan hawwe jo in eksploitaasjefergunning nedich. Foar in terras freegje jo in terrasfergunning oan.
By de oanfraach foar in eksploitaasjefergunning hat ek in Bibob-ûndersyk plak. Mear ynformaasje dêroer fine jo op de side Bibob. Foardat jo de nedige fergunningen oanfreegje kinne, sil der in intake-petear wêze. Dêr kinne jo in ôfspraak foar meitsje.
Belje foar in ôfspraak: 0512 581 234
Betingsten
Foar in eksploitaasjefergunning moatte jo oan de neikommende betingsten foldwaan:
- De fêstiging of eksploitaasje fan it hoarekabedriuw is net yn striid mei in jildend omjouwingsplan of tariedingsbeslút.
- De eksploitant is út noch yn fan min libbensgedrach.
- De eksploitant is 21 jier of âlder.
- De eksploitant is net ûnder kuratele steld.
Kosten
De kosten (leezjes) foar it yn behanneling nimmen fan in oanfraach binne € 170,00.
Oanfreegje
Foar it oanfreegjen fan fergunningen foar drûge hoareka meitsje jo in ôfspraak op it gemeentehûs. Belje dêrfoar nei 0512 581 234.
Nei jo oanfraach
Nei jo oanfraach kontrolearje wy oft jo oanfraach foldocht oan it Omjouwingsplan, de Algemiene Pleatslike Feroardering Smellingerlân (APV) en de Wet Bibob. Jo krije binnen 8 wike berjocht.