Alkoholwetfergunning parakommersjele bedriuwen
Parakommersjele bedriuwen binne stiftingen en ferieningen dy't ek in hoarekafunksje hawwe, allinnich is dat net it haaddoel fan de organisaasje. Wolle jo alkohol skinke yn jo kantine of doarpshûs? Dan hawwe jo in alkoholwetfergunning en in eksploitaasjefergunning nedich. Foar in terras freegje jo ek in terrasfergunning oan. Jo freegje alle nedige fergunningen tagelyk oan. Dat kin digitaal.
Betingsten
Foar in alkoholwetfergunning foar parakommersjele bedriuwen moat jo bedriuw oan in tal betingsten foldwaan:
- Jo bedriuw stiet ynskreaun by de KvK.
- Jo bedriuwspân foldocht oan de easken fan it Beslút Bouwurken Leefomjouwing (Bbl).
- Jo bedriuw hat op syn minst ien romte mei in minimale oerflakte fan 35 m2.
- Jo bedriuw hat in alkoholbestjoersreglemint. Dêr stiet yn hoe't jo derfoar soargje dat jo bedriuw ferantwurdlik omgiet mei it skinken fan alkohol. Ek beskriuwe jo de foarljochtingsynstruksje oer sosjale hygiëne dy't jo oan jo barfrijwilligers jouwe. Dêrneist stiet yn it reglemint hoe't jo kontrolearje oft jo frijwilligers harren oan de regels hâlde. It reglemint is altyd beskikber op de lokaasje.
- Jo hâlde in list by fan barfrijwilligers dy't de foarljochtingsynstruksje krigen hawwe. Dy list leit op de lokaasje.
Betingsten frijwilligers
De Alkoholwet stelt ek easken oan de liedingjaanden yn jo bedriuw. Op syn minst twa liedingjaanden foldogge oan de neikommende easken:
- Se binne 21 jier of âlder.
- Se foldogge oan in tal easken wat de seedlikens en moraliteit oangiet. Dat betsjut bygelyks dat in liedingjaande gjin strafbere feiten begien hat. Wy dogge dêr antesedinte-ûndersyk nei.
- Se steane net ûnder kuratele.
- Se steane ynskreaun yn it Register Sosjale Hygiëne.
Liedingjaanden tafoegje of fuorthelje
Kosten
De kosten (leezjes) foar it yn behanneling nimmen fan in oanfraach binne:
Fergunning | Kosten |
---|---|
Alkoholwetfergunning parakommersjele hoareka | € 207 |
Eksploitaasjefergunning | € 166 |
Terrasfergunning | € 70 |
Terras de m2 | € 13,80 it jier |
Oanfreegje
Jo freegje jo fergunningen yn ien kear digitaal oan. Dêr brûke jo DigiD foar.
Dokuminten dy't nedich binne
Foar jo oanfraach hawwe jo nedich:
- In kopy fan it alkoholbestjoersreglemint. Dy is ûndertekene troch it hiele bestjoer.
- Undertekene 'verklaringen leidinggevende' fan alle liedingjaanden dy't jo opjouwe.
- In kopy fan in jildich paspoart of identiteitskaart fan alle liedingjaanden.
- In kopy fan de Ferklearring Sosjale Hygiëne fan alle liedingjaanden.
- In plattegrûn fan in eventueel terras.
Jo krije in ûntfangstbefêstiging fan jo oanfraach. As der ûnderdielen ûntbrekke, krije jo dêr berjocht fan. Jo kinne jo oanfraach dan oanfolje.
Nei jo oanfraach
Nei jo oanfraach kontrolearje wy oft jo oanfraach foldocht oan de Alkoholwet en de Algemiene Pleatslike Feroardering Smellingerlân. Jo krije binnen 8 wike berjocht.
Foarnommen beslút
As de boargemaster fan doel is de fergunning te ferlienen, makket hy dat bekend. Wy publisearje dat op ús webside en yn Actief.
Tsjin dat foarnommen beslút kinne belanghawwenden binnen 6 wike beswier meitsje. Dat kinne sy dwaan troch in sjenswize yn te tsjinjen.
Definityf beslút
As der gjin beswier makke wurdt, nimt de boargemaster binnen 4 wike in definityf beslút. Binne der wol beswieren, dan wurde dy earst yn behanneling nommen. De boargemaster nimt dan binnen 6 wike nei de eindatum foar beswierskriften in beslút.