Belestingoanslach
De gemeentlike belestingen en tariven binne fêstlein yn belestingferoarderingen. De gemeenteried stelt de belestingtariven alle jierren yn desimber fêst. De tariven feroarje dus alle jierren. Jierliks krije jo ien oanslach foar alle gemeentlike belestingen. Dy ferstjoere wy meastentiids yn de lêste wike fan febrewaris. Jo kinne jo oanslach ek digitaal krije, fia de 'Berichtenbox' of ús webside. Hawwe jo oanjûn dat jo de oanslach allinnich digitaal ûntfange wolle? Dan kinne jo dy allinnich fia de 'Berichtenbox' besjen.
Betelje gemeentlike belestingen
Mear ynformaasje oer it beteljen fan de gemeentlike belestingen lêze jo op de pagina Belestingen betelje, bygelyks oer it rekkennûmer en it beteljen yn terminen.
Alle gemeentlike belestingen op jo oanslach
Op jo oanslach steane alle gemeentlike belestingen dy't jo dat jier betelje. Dat kin in kombinaasje wêze fan de ûndersteande belestingen:
Unreplikesaakbelesting (OZB)
As jo in eigen wenning, bedriuwsgebou of grûn hawwe, betelje jo ûnreplikesaakbelesting. Dat is in persintaazje fan de WOZ-wearde.
Unreplikesaakbelesting | Taryf |
---|---|
Wenningeigener | 0,1052% |
Eigener fan in ûnreplike saak dy't gjin wenning is | 0,3822% |
Brûker fan in ûnreplike saak dy't gjin wenning is | 0,3061% |
Offalstoffeheffing
De gemeente soarget foar it ynsammeljen fan ôffal. Dêrfoar betelje jo ôffalstoffeheffing.
Offalstoffeheffing | Taryf |
---|---|
1 bewenner | € 251,- |
Mear bewenners | € 295,- |
Rioelheffing
De gemeente soarget foar it ûnderhâld fan it rioelstelsel. Dêrfoar betelje jo rioelheffing.
Rioelheffing | Taryf |
---|---|
Eigener | € 189,- |
Brûker | € 107,- |
Hûnebelesting
As jo in hûn hawwe, betelje jo hûnebelesting.
Reklamebelesting
As jo in bedriuw hawwe yn in ôfbeakene gebiet yn it sintrum fan Drachten en reklame meitsje dy't fan de iepenbiere dyk ôf te sjen is, betelje jo dêrfoar reklamebelesting. Wy brûke de opbringst foar it organisearjen fan aktiviteiten yn it sintrum.
De reklamebelesting foar elke ûnreplike saak is € 491,-.
Ferhúzje
Ferhúzje jo binnen de gemeente Smellingerlân, dan hawwe jo meastal gjin ynfloed op jo oanslach gemeentlike belestingen. Ferhúzje jo nei in oare gemeente, dan ferrekkenje wy de rioelheffing, de ôffalstoffeheffing en eventueel de hûnebelesting.
Digitaal oanslachbiljet
Jo kinne jo oanslach ek digitaal krije. Dêr kinne jo foar ynlogge mei DigiD fia de digitale belestingbaly. Yn de 'Berichtenbox' kinne jo foar elke oerheidsynstânsje oanjaan oft jo post digitaal ûntfange wolle. Dat kin ek foar post fan gemeente Smellingerlân. Dat hoege jo mar ien kear te dwaan.