WOZ-wearde en taksaasjeferslach

Elkenien dy't op 1 jannewaris eigener of brûker is fan in wenning, pân of stik grûn, krijt in oanslach Onroerendezaakbelasting (OZB). De hichte fan de oanslach is ôfhinklik fan de WOZ-wearde (WOZ = Waardering Onroerende Zaken). De gemeente stelt de WOZ-wearde fan alle ûnreplike saken yn de gemeente alle jierren opnij fêst troch in taksaasje. Jo kinne jo taksaasjeferslach ynsjen fia de digitale belestingbaly. Tink derom: Allinnich dyjinge dy't de beskikking op namme krigen hat, kin it taksaasjeferslach ynsjen mei DigiD.

Digitale belestingbaly

Taksaasjeferslach

Yn it taksaasjeferslach stiet hoe't de WOZ-wearde ta stân kommen is. By de wurdearring fan jo wenning fergeliket de taksateur jo wenning mei 3 fergelykbere wenningen dy't koartlyn ferkocht binne. Yn it taksaasjeferslach stiet ûnder mear ynformaasje oer: gebrûksoerflak fan de wenning, bygebouwen, WOZ-wearde, gegevens út it Kadaster, lykas de grutte fan it perseel.

By it fêststellen fan de WOZ-wearde sjocht de taksateur nei in tal punten:

Ferkeapprizen fergelykbere wenningen

De taksateur giet út fan it bedrach dat in wenning, pân of stik grûn opleverje soe by ferkeap. De taksateur besjocht de ferkeapprizen fan fergelykbere pannen en wenningen dy't om de weardepeildatum hinne ferkocht binne. Foar it belestingjier 2025 wie de weardepeildatum 1 jannewaris 2024. Der wurdt dan ek sjoen nei fergelykbere pannen, wenningen dy't ferkocht binne yn 2023 en yn 2024.

Kadaster, foto's en boutekeningen

Taksateurs brûke by de weardefêststelling ek ferkeapprizen út it Kadaster, loftfoto's, panoramafoto's, boutekeningen en oare bekende gegevens. Dy ynformaasje stiet yn it taksaasjeferslach.

Berekkening mei oerflakte

Foar it berekkenjen fan de WOZ-wearde oer 2025 (mei de weardepeildatum 1 jannewaris 2024) brûkt de taksateur de gebrûksoerflakte (m2) fan in wenning. Dat is in eask út de Waarderingskamer wei. De gegevens binne sadwaande better te fergelykjen mei bygelyks boutekeningen en ferkeapynformaasje fan de makeler, en dan benammen de ynformaasje oer it wenoerflak en oare ynpandige romte.

Wearde bij oan-, fer- of nijbou

Wurdt jo pân ferboud of krijt jo pân in oanbou? Dan stelt de taksateur de wearde fêst troch nei de grûnwearde en de boukosten te sjen. Wat stie der op 1 jannewaris 2025 op it plak fan de bou? Dêr sjogge wy nei. By in nijbouwenning of ferboude wenning dy't yn 2024 klear wie, stelle wy de wearde fêst troch te sjen nei de situaasje fan de wenning op 1 jannewaris 2025.

Waarderingskamer

De WOZ-taksateurs fan gemeente Smellingerlân foldogge oan de easken dy't de Waarderingskamer stelt.

Animaasjefideo's

Mear witte oer de WOZ-wearde? Besjoch de animaasjefideo's.

Utlis WOZ-wearde en OZB

Utlis stiging WOZ-wearde en stiging aktuele wenningprizen