Hûnebelesting

Elkenien mei 1 of mear hûnen betellet hûnebelesting.

Kosten

Jo betelje belesting foar 1 of mear hûnen:

 
Hûnebelesting     Taryf it jier
Foar de earste hûn € 77,-
Fan de twadde hûn ôf, foar elke hûn  € 110,-
Kenneltaryf     € 187,-

Oanmelde of ôfmelde hûn

Hawwe jo in hûn yn hûs? Meld jo hûn binnen 6 wike oan by de gemeente. Is jo hûn stoarn of wennet de hûn net mear yn hûs, dan melde jo de hûn ôf.

Hûn oan- of ôfmelde 

Utsûnderingen

Jo betelje gjin hûnebelesting:

  • foar blinehûnen, assistinsjehûnen en plysjehûnen;
  • foar hûnen yn in hûne-asyl;
  • foar hûnen bestimd foar ferkeap;
  • foar hûnen dy't jonger binne as 3 moanne, salang't se by de mem bliuwe;
  • as jo gjin ynwenner binne fan de gemeente en jo hûn minder as 90 dagen yn de gemeente is.

Frijskatting

Soms kinne jo yn oanmerking komme foar frijskatting foar de hûnebelesting. Bygelyks as jo in leech ynkommen hawwe. Jo kinne allinnich frijskatting krije foar de earste hûn.