Belestingen betelje

Alle jierren yn febrewaris krije jo jo belestingoanslach. Jo kinne de gemeentlike belestingen en heffingen op ferskillende manieren betelje. Tinke jo dat jo de belestingen net betelje kinne? Nim dan sa gau mooglik kontakt mei ús op of sjoch oft jo rjocht hawwe op frijskatting.

Hoe't jo betelje kinne

Jo kinne op 2 manieren betelje:

  1. Jo scanne de QR-koade op jo belestingoanslach. Dêrnei logge jo yn mei DigiD.
  2. Jo logge mei DigiD yn op de Digitale Belestingbaly. Dêr jouwe jo tastimming. Jo kinne dêr ek jo bankrekkennûmer oanpasse of in machtiging ynstelle of stopje.

Betelje fia Digitale Belestingbaly

Sels oermeitsje

Jo kinne de belesting yn ien kear betelje. Brûk foar de betelling de neikommende gegevens:

  • Rekkennûmer NL11 BNGH 02 8502 2628
  • op namme fan: Gemeente Smallingerland Belasting
  • Set yn de omskriuwing altyd it oanslachnûmer. Dat nûmer stiet op jo oanslach.

It is ek mooglik dat jo it bedrach sels yn meardere parten oermeitsje. Tink derom: it hiele bedrach moat op syn lêst 31 maaie 2024 op ús rekken stean.

Betelje yn terminen mei automatyske ynkasso

As jo mear as € 100,- oan belesting betelje moatte, kinne jo gebrûk meitsje fan automatyske ynkasso. Wy skriuwe it bedrach dan yn 10 terminen alle moannen fan jo rekken ôf.

Automatyske ynkasso beheare

De persoan dy't op de oanslach stiet moat de gemeente machtigje foar automatyske ynkasso. Jo hoege de machtiging mar ien kear te jaan. Dy bliuwt jildich oant jo de machtiging ynlûke. De gemeente stoppet in machtiging allinnich as it besykjen fan in ynkasso 2 kear mislearret.

Machtiging foar automatyske ynkasso beheare

Betellingsregeling ôfprate

Is it net mooglik om gebrûk te meitsjen fan automatyske ynkasso, mar wolle jo dochs yn terminen betelje? Belje dan nei 0512 581 234 of mail nei gemeente@smallingerland.nl.   

By betellingsproblemen

Hawwe jo help nedich by it oarderjen fan jo finânsjes? De gemeente kin jo helpe. Nim kontakt op mei it team vroegsignalering. Sy kinne jo fergees en frijbliuwend helpe. Mail nei gemeente@smallingerland.nl of belje 0512 581 234.