Ferhúzje út it bûtenlân wei

As jo yn it bûtenlân wenje en yn de gemeente Smellingerlân komme te wenjen, litte jo jo dan ynskriuwe by it gemeentehûs. Komme jo foar it earst yn Nederlân te wenjen of binne jo foar 1994 út Nederlân wei gien, belje dan 0512-581234 om in ôfspraak te meitsjen foar jo ynskriuwing. Giet it om in op 'en nij ynskriuwen, omdat jo earder yn Nederlân wenne hawwe en nei 1994 fuortgien binne, meitsje dan in ôfspraak fia ûndersteande button.

Ferhuzing út it bûtenlân wei trochjaan

Kosten

Gjin kosten.

Dit hawwe jo nedich

Nim it neikommende mei nei jo ôfspraak yn it gemeentehûs:

  • Jildich paspoart, rydbewiis of identiteitskaart.
  • Ferbliuwsfergunning foar bepaalde of ûnbepaalde tiid.
  • Bûtenlânske dokuminten lykas in berte-, houlik- of skiedingsakte. Bytiden is it nedich en lit de bûtenlânske dokuminten legalisearje yn it lân dêr’t jo wei komme. Dat lit de echtheid fan in dokumint sjen. Bytiden wurdt frege nei oersette dokuminten. Nim by fragen kontakt op mei de gemeente.
  • Ferhúzje jo út Arûba, Bonêre, Kurasau, Saba, Sint-Eustasius of Sint-Marten wei? Jo hawwe in bewiis fan útskriuwen út de Persoansynformaasjefoarsjenning Nederlânske Antillen en Arûba (PIVA) nedich.

Bysûnderheden

  • De gemeente is ferplichte de identiteit fêst te stellen fan elkenien dy’t him yn Nederlân ynskriuwt. Dêrom freegje wy jo persoanlik mei jo identiteitsbewiis by ús del te kommen. Nim jo minderjierrige bern mei by de ynskriuwing. 
  • Ynskriuwe kin as jo: 
    • de Nederlânske nasjonaliteit hawwe;
    • de nasjonaliteit fan in oar lân út de Europeeske Uny hawwe;
    • in jildige ferbliuwsfergunning hawwe;
    • in adres yn de gemeente Smellingerlân hawwe en langer as 4 moanne yn Nederlân bliuwe sille.