Ferhúzje

Sille jo ferhúzje? Of binne jo ferhuze? Jou jo ferhuzing dan troch oan no (nije) wengemeente. Dat kin fan 4 wike foar de ferhuzing ôf oant 5 dagen dêrnei. Jouwe jo jo ferhuzing letter troch? Dan is de datum dat de gemeente jo ferhúsoanjefte kriget jo offisjele ferhúsdatum.

Ferhúzje binnen of nei Smellingerlân ta

Ferhúzje jo binnen of nei gemeente Smellingerlân ta? Jou dat dan online, mei jo DigiD, oan ús troch. Wy jouwe jo nije adres troch oan oerheidsorganisaasjes lykas de Belestingtsjinst en pensjoenfûnsen.

Ferhuzing online trochjaan (mei DigiD)

Wa mei of moat in ferhuzing trochjaan?

  • Elkenien fan 16 jier of âlder.
  • Ferhuzing foar in oar trochjaan dat kin foar in:
    • minderjierrich bern, as jo de âlder, fâd of fersoarger binne.
    • oarehelte of registrearre partner, as jo mei-inoar nei itselde adres ferhúzje.
    • mearderjierrich bern, as jo mei-inoar nei itselde adres ferhúzje.
    • âlder, as jo mei-inoar nei itselde adres ferhúzje.
    • persoan dy’t ûnder kuratele stiet, as jo de kurator binne.
    • mearderjierrige dy’t jo dêrta skriftlik machtige hat.

Sille jo by ien ynwenje?

De persoan dy't de wenning hiert of eigener is fan de wenning befêstiget online jo ynwenning mei syn of har DigiD. Dy mooglikheid kinne jo kieze as jo jo ferhuzing online oan ús trochjouwe.

Ferhúzje fan Smellingerlân nei oare gemeente

Ferhúzje jo út Smellingerlân wei nei in oare gemeente? Dan jouwe jo jo ferhuzing troch oan de gemeente dêr't jo nei ta ferhúzje.

Ferhuzing trochjaan op it gemeentehûs

Jo kinne jo ferhuzing ek op it gemeentehûs trochjaan. Meitsje dêr in ôfspraak foar. Sille jo by ien ynwenje? Kom dan tegearre mei de hierder of eigener fan de wenning nei it gemeentehûs.

Kosten

It trochjaan fan in ferhuzing is fergees.

Emigrearje

Sjoch op de side Emigraasje trochjaan as jo emigrearje.

Ferhúzje út it bûtenlân wei

Sjoch op de side Ferhúzje út it bûtenlân wei as jo út it bûtenlân wei yn de gemeente Smellingerlân komme te wenjen.

Ferhuzing trochjaan as organisaasje

Jo kinne as organisaasje mei eHerkenning in ferhuzing trochjaan foar in ynwenner. Jo organisaasje moat dêrfoar oanmeld wêze by de gemeente.

Ferhuzing trochjaan as organisaasje (mei eHerkenning)

Organisaasje oanmelde (opsjoneel)

Is jo organisaasje noch net oanmeld? Folje dan it kontaktformulier yn en stjoer de neikommende gegevens mei: namme organisaasje, adres, KvK-nûmer, kontaktpersoan, e-mailadres, telefoannûmer.