Emigraasje trochjaan

Reizgje jo ôf, út de gemeente Smellingerlân wei, nei it bûtenlân? Of sille jo minimaal 8 moanne yn it bûtenlân wenje? Jou dat online, mei jo DigiD, troch oan de gemeente. Jo dogge dat yn de lêste wike foar jo fertrek.

Emigraasje trochjaan (mei DigiD)

Jo kinne jo emigraasje ek yn it gemeentehûs trochjaan. Meitsje dêr in ôfspraak foar. Mear ynformaasje oer emigrearjen fin jo op de webside fan de Ryksoerheid.

Kosten

 
Emigraasje trochjaan gjin kosten
Ynternasjonaal bewiis fan útskriuwing € 7,20

 

Wat jo nedich hawwe

  • Jo DigiD, of by in ôfspraak yn it gemeentehûs: iIn jildich identiteitsbewiis.
  • Gegevens oer wêr’t jo tahâlde sille. Dus: nei hokker lân jo ôfreizgje sille en jo earste adres yn dat lân.

Wat jo witte moatte

  • Bliuwt der ien of bliuwe der mear persoanen achter op jo adres? Dan jouwe jo jo emigraasje troch yn it gemeentehûs. Meitsje dêr in ôfspraak foar binnen in wike foar jo fertrek.
  • Jo jouwe jo adres yn it bûtenlân troch.
  • De emigraasjedatum kin net mei weromwurkjende krêft ferwurke wurde. De datum fan de oanjefte is de datum fan jo fertrek.

Wa kin in emigraasje trochjaan

  • Elkenien dy’t 16 jier of âlder is, jout sels syn of har emigraasje of tydlike ferhuzing nei it bûtenlân troch.
  • Alden, fâden of fersoargers jouwe de emigraasje foar bern jonger as 16 jier troch.
  • Kuratoaren jouwe de emigraasje troch foar minsken dy't ûnder harren kuratele stean.
  • Alden en harren bern (âlder as 16 jier) dy’t op itselde adres wenje, en tagelyk nei itselde adres yn it bûtenlân emigrearje, meie de emigraasje foar inoar trochjaan.
  • Oarehelten of registrearre partners dy’t op itselde adres wenje, en tagelyk nei itselde adres yn it bûtenlân emigrearje, meie de emigraasje foar inoar trochjaan.