It gemeentehûs yn Drachten wurdt ferboud. Fan 1 septimber ôf is ús nije, tydlike besykadres: Reidingwei 6 (it âlde swimbad De Welle). Lês mear …
Paspoart of identiteitskaart kwyt of stellen
Binne jo jo Nederlânske paspoart of identiteitsbewiis (ID-kaart) kwyt of is it stellen? Jou dat dan sa gau as mooglik troch by de gemeente dêr't jo wenje. Dat kin misbrûk derfan foarkomme. Nei de melding stiet jo dokumint as fermist registrearre. Fine jo it dokumint nei de melding werom? Leverje it dokumint dan yn by de gemeente. Jo meie it dokumint dat jo weromfûn hawwe net mear brûke.
Tink derom: Is jo identiteitskaart ôfjûn nei 4 jannewaris 2021? Dan is it mooglik om mei jo identiteitskaart yn te loggen fia DigiD. As jo jo identiteitskaart kwyt binne, dan is it belangryk dat jo ek dy ynlochfunksje blokkearje litte. Nim dêrfoar kontakt op mei de DigiD helpdesk.
Online trochjaan
Jou de fermissing fan jo paspoart of ID-kaart online troch mei jo DigiD.
Trochjaan oan de baly
Wolle jo de fermissing oan de baly trochjaan? Meitsje dan in ôfspraak.
Meinimme
- Alle paspoarten en ID-kaarten dy't jo hawwe. Ek as se net mear jildich of bûtenlânsk binne.
Hawwe jo gjin ID-kaart of paspoart? Nim dan jo rydbewiis mei. Hawwe jo hielendal gjin oar identiteitsbewiis? Dan kin it in pear dagen duorje foardat jo in nij paspoart of ID-kaart oanfreegje kinne.
Kosten
- Ferklearring fan fermissing: fergees.
- Kosten nij reisdokumint: sjoch de siden Paspoart of Identiteitskaart.
Reisdokumint kwytrekke yn it bûtenlân?
Binne jo jo Nederlânske paspoart of identiteitskaart kwytrekke yn it bûtenlân? Of is dat dokumint yn it bûtenlân stellen? Gean dan nei de webside fan de Ryksoerhei foar mear ynformaasje.