Paspoart
Mei in jildich paspoart kinne jo jo identifisearje. Jo kinne it paspoart ek brûke om nei oare lannen te reizgjen. It oanfreegjen fan in paspoart dogge jo sels by de gemeente dêr't jo ynskreaun steane. Begjin de oanfraach online of meitsje in ôfspraak om del te kommen. Jo komme 2 kear persoanlik del: 1 kear foar it oanfreegjen en 1 kear foar it opheljen.
Gegevens digitaal trochjaan (mei DigiD)
By it online oanfreegjen kinne jo fuortendaliks betelje en in ôfspraak meitsje. Troch dat te dwaan is de ôfspraaktiid koarter en kinne jo earder by ús terjochte. De ôfspraak is nedich om in foto yn te leverjen, fingerôfdrukken ôf te nimmen en jo hantekening te setten.
Jo kinne alles oan it loket regelje. Meitsje wol earst in ôfspraak. Nim ek jo pinpas mei om te beteljen.
Bern en jongerein oant 18 jier hawwe foar it oanfreegjen fan in paspoart tastimming nedich fan alle gesachhawwers. Tastimming jouwe jo online mei jo DigiD. Kom tegearre mei jo minderjierrich bern nei it gemeentehûs foar de oanfraach.
Online tastimming jaan (mei DigiD)
Slagget it net om online tastimming te jaan? Folje dan it tastimmingsformulier (pdf) yn.
Binne jo jo paspoart kwyt? Meld dy fermissing dan online by de gemeente.
Hawwe jo in nij paspoart oanfrege? Dan meitsje jo in nije ôfspraak (foar jo bern) om it paspoart op te heljen. Soargje derfoar dat der op syn minst 7 dagen tusken dy twa ôfspraken sitte. It duorret likernôch in wike foardat it paspoart foar jo of jo bern klearleit. Meitsje in ôfspraak om it paspoart op te heljen.
Mear ynformaasje oer paspoarten en identiteitskaarten fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.
Kom goed taret op de ôfspraak. Fan de leeftiid fan 12 jier ôf nimme wy fingerprinten ôf. Soargje der dêrom foar dat de fingers goed skjin binne. Fierders moatte jo in tal saken meinimme nei de ôfspraak:
- Alle jildige én ferrûne paspoarten en identiteitskaarten dy't jo hawwe.
- In pasfoto yn kleur dy't foldocht oan 'e easken. Gean nei in fotograaf foar in goede pasfoto. De fotograaf wit wêr't de pasfoto oan foldwaan moat. Soargje derfor dat de pasfoto net âlder is as 6 moanne. Op de webside fan de Ryksoerheid fine jo alle easken dêr't de foto oan foldwaan moat.
- Kontant jild of in pinpas. Jo betelje by de oanfraach.
Hawwe jo it paspoart flugger nedich? Dan kinne jo in haastoanfraach dwaan. Tink derom: Foar in haastoanfraach moatte jo ekstra betelje. Freegje jo it paspoart foar 14.00 oere oan, dan leit it paspoart uterlik twa wurkdagen letter fan 10.00 oere ôf foar jo klear. Jo kinne by de ôfspraak oanjaan dat it om in haastoanfraach giet. Slagget it net om op 'e tiid online in ôfspraak te meitsjen? Belje dan nei 0512 58 12 34. Is jo reisdokumint fermist? Dan is in haastproseduere net altyd mooglik.
| Soart paspoart | Kosten | Jildigens |
|---|---|---|
| 18 jier en âlder | € 88,60 | 10 jier |
| Jonger as 18 jier | € 67,00 | 5 jier |
| Sakepaspoart | € 88,60 | 10 jier |
| Twadde paspoart | € 88,60 | 2 jier |
| Flechtlingepaspoart | € 67,00 | maksimaal 5 jier |
| Frjemdlingepaspoart | € 67,00 | maksimaal 5 jier |
| Haastoanfraach | € 60,30 (+ kosten paspoart) |
Foar in twadde paspoart jilde spesjale betingsten. Sjoch dêrfoar op Ryksoerheid.