Identiteitskaart (ID-kaart)

Mei in jildige identiteitskaart kinne jo jo identifisearje. Jo kinne de kaart ek brûke om nei ferskate lannen te reizgjen. In identiteitskaart freegje jo persoanlik oan. Dat jildt foar alle leeftiden.

Identiteitskaart oanfreegje

Stap 1: Meitsje earst online in ôfspraak om nei it loket te kommen.

Ofspraak meitsje 

Stap 2: Jou jo gegevens digitaal troch en betelje fêst. Jo dogge dat mei DigiD. Dat skeelt jo tiid by it loket.

Gegevens digitaal trochjaan (mei DigiD)

Hawwe jo gjin DigiD? Dan kinne jo alles oan it loket regelje. Meitsje wol earst in ôfspraak. Nim ek jo pinpas mei om te beteljen.

Jonger as 12 jier

Bern oant 12 jier hawwe foar it oanfreegjen fan in identiteitskaart tastimming nedich fan alle gesachhawwers. Tastimming jouwe jo online mei jo DigiD. Kom tegearre mei jo minderjierrich bern nei it gemeentehûs foar de oanfraach.

Online tastimming jaan (mei DigiD)

Slagget it net om online tastimming te aan? Folje dan it tastimmingsformulier (pdf) yn.

Identiteitskaart ophelje

Hawwe jo in nije identiteitskaart oanfrege? Dan meitsje jo in nije ôfspraak (foar jo bern) om de identiteitskart op te heljen. Soargje derfoar dat der op syn minst 7 dagen tusken dy twa ôfspraken sitte. It duorret likernôch in wike foardat de identiteitskaart foar jo of jo bern klearleit. Meitsje in ôfspraak om de identiteitskaart op te heljen.

Identiteitskaart ophelje op ôfspraak

Mear ynformaasje oer paspoarten en identiteitskaarten fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.

Identiteitskaart kwyt of stellen

Binne jo jo identiteitskaart kwyt? Meld dy fermissing dan online by de gemeente.

Meinimme

Kom goed taret op de ôfspraak. Fan de leeftiid fan 12 jier ôf nimme wy fingerprinten ôf. Soargje der dêrom foar dat jo fingers goed skjin binne. Fierders moatte jo in tal saken meinimme nei de ôfspraak:

  • Alle jildige en ferrûne paspoarten en identiteitskaarten dy't jo hawwe.
  • In pasfoto yn kleur dy't foldocht oan 'e easken. Gean nei in fotograaf foar in goede pasfoto. De fotograaf wit wêr't de pasfoto oan foldwaan moat. Soargje derfor dat de pasfoto net âlder is as 6 moanne. Op de webside fan de Ryksoerheid fine jo alle easken dêr't de foto oan foldwaan moat.
  • Kontant jild of in pinpas. Jo betelje by de oanfraach.

Kosten

 
  Kosten  Jildigens
18 jier en âlder € 78,00  10 jier 
Jonger as18 jier  € 42,00  5 jier 
Haastoanfraach € 59,10 (+ kosten ID-kaart)  

Haastoanfraach

Doch in haastoanfraach as jo de identiteitskaart flugger nedich hawwe. Foar in haastoanfraachs moatte jo ekstra betelje. Freegje jo de identiteitskaart foar 14.00 oere oan, dan leit de identiteitskaart op syn lêst twa wurkdagen letter fan 10.00 oere ôf foar jo klear. Slagget it net om op 'e tiid online in ôfspraak te meitsjen? Belje dan nei 0512 58 12 34. Is jo reisdokumint fermist? Dan is in haastproseduere net altyd mooglik.

Frijskatting oanfreegje

Yn guon gefallen is it mooglik om frijskatting foar de oanskaf fan in ID-kaart oan te freegjen. Dêrfoar kinne jo it frijskattingsformulier ID-kaart (pdf) ynfolje. Yn de neikommende situaasjes is frijskatting mooglik:

  • As der frijskatting ferliend is foar de gemeentlike belestingen.
  • As de oanfraach jildt foar in bern âlder as 14 jier (fan 14 jier ôf jildt de identifikaasjeplicht).
  • As der gjin sprake is fan in jildich paspoart.
  • As der net earder frijskatting ferliend is foar de ID-kaart.

Yn gefal fan stellerij/fermissing kin net opnij frijskatting oanfrege wurde. Ynwenjende bern boppe de 18 jier moatte sels in fersyk yntsjinje en kinne gjin gebrûk meitsje fan de tawiisde frijskatting gemeentlike belestingen fan de âlder(s) of fersoarger(s).