Klacht yntsjinje

  • Wolle jo in melding dwaan fan in losse stoeptegel, stikkene boarterstastellen of gatten yn 'e dyk? Dan kinne jo hjir in melding iepenbiere romte dwaan.
  • Wolle jo in melding dwaan fan oerlêst fan persoanen of bedriuwen? Dan kinne jo hjir in melding oerlêst dwaan.
  • Foar alle oare meldingen lykas heech gers, ûnkrûd of rioelferstoppingen kinne jo sjen op de side Meldingen.

Klacht oer it kontakt mei de gemeente

Hawwe jo in ferfelende ûnderfining mei de gemeente? Wurdt jo brief net beäntwurde? Of hawwe jo it gefoel dat jo net goed holpen binne? Dan kinne jo dêroer in klacht yntsjinje. Dat kin digitaal fia ûndersteande knop of mei in e-mail. Jo kinne jo klacht ek telefoanysk of by de baly yn it gemeentehûs trochjaan. Wy besykje binnen in wike kontakt mei jo op te nimmen.

Klacht yntsjinje

Klacht yntsjinje foar oaren

Tsjinje jo de klacht yn foar in oar? Stjoer de tastimming mei namme, adres en hantekening fan dy persoan mei de klacht mei. Tsjinje jo in klacht yn út namme fan in groep? Stjoer dan de tastimming mei in list mei nammen, adressen en hantekeningen mei fan elkenien foar wa’t jo de klacht yntsjinje.

Passende oanpak

Utgongspunt is dat wy mei-inoar yn petear geane oer jo klacht. Dat kin telefoanysk of op it gemeentehûs. In klachtekoördinator of ûnôfhinklike mediator kirn helpe mei in oplossing foar jo klacht. Bemiddeling en mediation soargje meastentiids al foar in oplossing. Lês mear op de side Passend kontakt.

Klachtekommisje

Soms slagget it net om yn in petear ta in oplossing te kommen. Dan leit de gemeente jo klacht foar oan in ûnôfhinklike kommisje. Jo krije in útnûging foar in harksitting. De kommisje advisearret de gemeente oer jo klacht. Nei it advys fan de ûnôfhinklike kommisje, nimt de gemeente in beslút oer jo klacht.

Net tefreden oer jo klachte-ôfhanneling

Binne jo net tefreden oer hoe 't jo klacht ôfhannele is? Dan kinne jo terjochte by de Nationale Ombudsman. De Nationale Ombudsman nimt jo klacht allinnich yn behanneling as de gemeente jo klacht al behannele hat.

Mear ynformaasje

In oersjoch fan de beswieren en klachten fan 2021 fine jo yn it jierferslach beswieren en klachten 2021 (pdf).