Passend kontakt mei gemeente Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân giet graach mei jo yn petear by beswieren, klachten of oare konflikten. Sa'n petear blykt yn 'e praktyk faak sinfol te wêzen. Ek wurdt de persoanlike oanpak noflik fûn.

Passend kontakt by beswieren

As in beswier yntsjinne is, sjogge wy earst oft in petear passend is yn stee fan de formele beswierproseduere. Jo kinne dat as beswiermakker of fergunninghâlder ek sels oanjaan. Dêrnei nimt in ûnôfhinklike petearbegelieder of mediator kontakt op mei jo en de fertsjintwurdiger fan 'e gemeente. As alle belutsenen dêrmei ynstimme, kin it petear hâlden wurde.

It petear wurdt yn oerlis hâlden op it gemeentehûs of op lokaasje. By it petear binne jo oanwêzich as beswiermakker of fergunninghâlder (en jo meie fansels ien meinimme), in fertsjintwurdiger fan 'e gemeente en in petearbegelieder of mediator. Yn dat iepen en fertroulike petear kinne fan beide kanten fragen steld wurde, útlis jûn wurde en wurdt besprutsen wat in mooglike oplossing wêze kin. De ôfspraken dy't yn it petear makke wurde, wurde troch de petearbegelieder of mediator yn in koart ferslach fêstlein.

As jo as beswiermakker net tefreden binne mei de útkomst fan dat petear, dan kinne jo dochs noch de formele beswierproseduere folgje.

Passend kontakt by klachten en oare konflikten

Ek as in klacht yntsjinne is, sjogge wy nei ien of mear petearen oft bemiddeling of mediation passend is, yn stee fan de formele klachteproseduere. Jo kinne dat as yntsjinner fan de klacht ek sels oanjaan. Dêrnei nimt de klachtekoördinator of mediator kontakt op mei jo en de fertsjintwurdiger fan 'e gemeente. Bemiddeling of mediation kin allinnich ta stân komme as de belutsenen dêrmei ynstimme.

Ek by oare konflikten dêr't de gemeente by belutsen is, kin de gemeente soargje foar bemiddeling of mediation. Tink oan konflikten dy't te krijen hawwe mei de feiligens yn 'e buert, de folkssûnens of it belied fan 'e gemeente.

As dat winsklik is, kin mediation ynset wurde. De dielnimmers tekenje dan oan it begjin fan it trajekt in mediation-oerienkomst. De ôfspraken wurde oan 'e ein fan it trajekt yn in fêststellingsoerienkomst fêstlein.

Hawwe jo problemen mei jo buorlju? Bygelyks rûzje of lest fan pesterijen of lûden? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de MOS.

MfN-registermediators

De gemeente hat petearbegelieders en registermediators yn tsjinst. De gemeentemediators hannelje neffens de gedrachsregels en regleminten fan de Mediatorsfederatie Nederland (MfN) en falle dêrmei ûnder it klacht- en tuchtrjocht fan de MfN. Yn in statút is fêstlein dat de gemeente de mediators yn 'e gelegenheid stelt harren wurk folslein autonoom, ûnôfhinklik en neutraal út te fieren.

De gedrachsregels en regleminten binne te finen op mfnregister.nl. Dy gegevens kinne jo ek opfreegje by de gemeentemediators. Jo kinne dêrfoar kontakt opnimme mei de gemeente, op telefoannûmer 0512 581234.