Beswier meitsje

Binne jo it net iens mei in beslút fan de gemeente? Bygelyks as jo oanfraach foar in fergunning of in bystânsútkearing ôfwiisd is? Dan kinne jo beswier meitsje. Nim earst kontakt mei ús op foardat jo in beswierskrift yntsjinje. Faaks kinne wy jo fragen al beäntwurdzje.

Tink derom: Jo kinne hjir gjin beswier meitsje tsjin jo WOZ-wearde. Dat kin hjir.

Beswierskrift yntsjinje

Kosten

Gjin kosten. Freegje jo in foarriedige foarsjenning oan of geane jo yn berop? Dan betelje jo griffyrjochten.

Sa wurket it

Brûk it beswierformulier om jo beswier digitaal nei de gemeente ta te stjoeren.

Skriftlik mei ek. Set yn jo beswier de ferstjoerdatum en it skaaimerk fan it beslút dêr’t jo beswier tsjin meitsje (of stjoer in kopy fan dat beslút mei) en jou oan wêrom’t jo it net iens binne mei it beslút. Stjoer jo beswier nei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Smellingerlân, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten.

Meitsje jo beswier foar in oar? Stjoer in tastimming fan dy persoan mei it beswier mei.

Meitsje jo beswier út namme fan in groep partikulieren? Stjoer in machtiging mei in list nammen, adressen en hantekeningen fan alle persoanen dy’t beswier meitsje mei. Sa is it dúdlik dat jo it foech hawwe om út namme fan dy groep beswier te meitsjen.

Tsjinje it beswierskrift yn binnen 6 wike nei de dei dêr’t it beslút op ferstjoerd of bekendmakke is. Jo komme sa foar dat jo beswierskrift net mear behannele wurde kin.

Bemiddeling en mediation

Utgongspunt is dat in beswier oplost wurdt troch mei-inoar yn petear te gean. Bemiddeling en mediation soargje faak al foar in oplossing. Lês mear op de side Passend kontakt.

Beswierskriftekommisje

Bytiden slagget it net om yn petear ta in oplossing te kommen. Dan leit de gemeente jo beswierskrift foar oan in ûnôfhinklike kommisje. Dy kommisje advisearret de gemeente oer jo beswierskrift. De gemeente freget dy kommisje ek om advys as jo oanjouwe gjin bemiddeling of mediation hawwe te wollen. Nei it advys fan de kommisje nimt de gemeente in beslút oer jo beswierskrift.

Beslút tydlik útstelle

Wolle jo dat de gemeente in beslút, dêr’t jo beswier tsjin yntsjinne hawwe, net útfiert? Freegje om in foarriedige foarsjenning  by de foarsjenningenrjochter fan de rjochtbank. Dat kin allinnich by driuwende saken. De rjochter bepaalt oft it beslút útsteld wurdt.

Net iens mei it beslút op jo beswierskrift

Tsjinje dan binnen 6 wike in beropskrift yn. Yn it beslút op jo beswier stiet wêr’t jo yn berop gean kinne.