Beswier gemeentlike belestingen en WOZ-wearde
Binne jo it net iens mei de oanslach gemeentlike belestingen, nim dan earst kontakt mei ús op. Wy wolle krekt as jo dt it kloppet.
Hawwe jo fragen oer jo WOZ-wearde of binne jo it net iens mei de WOZ-wearde?
As jo fragen hawwe oer de WOZ-wearde of as jo de wearde te heech fine, meitsje dan in belôfspraak mei de taksateur. De taksateur leit jo graach út hoe't de WOZ-wearde fêststeld is. As bliken docht dat de WOZ-wearde net kloppet, dan past de taksatur dat foar jo oan.
Wat binne de foardielen fan it meitsjen fan in belôfspraak?
- Jo kinne fuortendaliks jo fragen stelle.
- It is fergees.
- Jo krije in dúdlike en flugge beslissing oer de ôfhanneling fan jo petear en de gefolgen foar jo WOZ-wearde.
- Jo kenne sels jo eigen hûs it bêste, wêrtroch't jo ek sels de belangrykste skaaimerken fan jo wenning beneame kinne dy't fan ynfloed wêze kinne op de WOZ-wearde.
- It petear is mei in taksateur dy't ynhâldlike kennis hat oer de WOZ-wearde.
Nei ûntfangst fan de oanslach hawwe jo 6 wike de tiid om beswier yn te tsjinjen. It is dêrom net nedich om fuortendaliks nei ûntfangst in ôfspraak te meitsjen.
Beswier meitsje
Binne jo nei it petear mei de taksateur it noch net iens mei de WOZ-wearde? Of binne jo it net iens mei in oar ûnderdiel fan jo belestingoanslach? Dan kinne jo beswier meitsje. Jo hawwe oant 6 wike nei deitekening (datum op de brief) de tiid om beswier te meitsjen. Dat hoecht net fuortendaliks neidat jo de oanslach krigen hawwe.
Skriuwe jo sels in beswierskrift? Set dan it oanslachnûmer derop dat op jo belestingoanslach stiet. Beskriuw dúdlik wêrom't jo beswier meitsje en ûndertekenje it formulier. Jo kinne jo beswier e-maile nei gemeente@smallingerland.nl. Of stjoer it skriftlik nei us op o.f. de heffingsamtner, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten
Wolle jo foar mear as 2 adressen tagelyk beswier meitsje? Mail jo beswier dan nei gemeente@smallingerland.nl.
Sels beswier meitsje is fergees! No cure, no pay is net fergees
Der binne bedriuwen dy't beswier foar jo meitsje kinne. Echt fergees is dat net. By in lytse oanpassing fan de WOZ-wearde krije dy buro's in fergoeding fan in pear hûndert euro, betelle mei mienskipsjild. Jo foardiel is dat jo in pear euro belestingjild weromkrije, mar dat krije jo ek as jo sels beswier meitsje.
As jo sels beswier yntsjinje fia ús webside, krije jo flugger in útspraak op jo beswier as wannear't jo fia in no-cure-no-pay-buro yntsjinje. De proseduere fia in no-cure-no-pay-buro is komplekser en duorret langer.
Net automatysk útstel fan beteljen
Beswier yntsjinje betsjut net automatysk útstel fan beteljen. Jo moatte de belesting noch hieltyd op tiid betelje . As jo online beswier meitsje, kinne jo allinnich útstel fan beteljen oanfreegje foar de Onroerende Zaakbelasting (OZB), troch dat oan te jaan op it formulier. As jo sels in beswierskrift opstelle, moatte jo dêryn oanjaan oft jo útstel fan beteljen wolle.
Nei it yntsjinjen fan jo beswier
As jo sels beswier yntsjinje fia ús webside, krije jo flugger in útspraak op jo beswier as wannear't jo fia in no-cure-no-pay-buro yntsjinje. De proseduere fia in no-cure-no-pay-buro is komplekser en duorret langer.
Wetlik sjoen hat de gemeente oant 31 desimber fan itselde belestingjier om jo beswier te behanneljen. Fansels besykje wy jo beswier sa gau mooglik te behanneljen.
Werombeteljen by tawizing beswier
Hawwe jo gelyk krigen? Dan stoarte wy it bedrach dat jo tefolle betelle hawwe werom nei jo rekken.