Tastimming delsetten foarwerp op gemeentegrûn
Sille jo op of oan de iepenbiere dyk in foarwerp delsette, lykas in steger, kontener of heechwurker? Of wolle jo gemeentegrûn brûke? Dan hawwe jo tastimming nedich fan de gemeente. Under gemeentegrûn falle de iepenbiere dyk, parkearfekken, parkearplakken, gersfjilden, plantsoenen en de berms by de diken lâns.
Hoe't it wurket
- Freegje tastimming digitaal oan. Doch dat op syn minst 3 wike foardat de wurksumheden begjinne.
- Foegje in situaasjeskets en in foto fan de foarôfgeande situaasje ta oan de melding.
- Foegje ek in ferkearsplan ta as jo it ferkear hinderje sille en/of de dyk strjemje sille.
- Jo begjinne pas mei de wurksumheden as jo fan ús berjocht krigen hawwe dat jo begjinne meie.
- Yn ús reaksje lêze jo wannear't it foarwerp der stean mei en ûnder hokker betingsten.
- Lit de situaasje nei ôfrin wer efter lykas it wie foardat jo it foarwerp delsetten.
Tydlik delsetten foarwerpen melde
Wannear haw ik tastimming nedich
Jo hawwe tastimming nedich as jo op gemeentegrûn in foarwerp delsette en sadwaande in lestige, ûnfeilige situaasje of ferkearshinder feroarsake wurdt.Jo wurksumheden kinne gefolgen hawwe foar ferkear en feiligens. Troch jo oanfraach kinne wy dêr rekken mei hâlde by it brûken fan de iepenbiere romte.
Fragen of oerlis
Wolle jo yn 't foar oerlizze of hawwe jo in fraach? Nim dan kontakt op mei it Ferkearsloket. Dat kin troch te beljen nei 0512 581 234 of stjoer in mail nei gemeente@smallingerland.nl.
Mear ynformaasje
- Oanfreegjen fan tydlike ferkearsmaatregels
- Evenemint organisearje
- Oersjoch fan alle wurk oan 'e diken yn Smellingerlân