Evenemintefergunning

Evenemint organisearje?

Yn Smellingerlân binne der in soad eveneminten omtrint kultuer, sport, rekreaasje en toerisme. De feiligens foar alle oanbelangjenden by in evenemint is in wichtige eask. Dêrom is it nedich om in evenemintefergunning oan te freegjen. Dat jildt foar A, B en C eveneminten. Under hokker kategory jo evenemint falt, docht bliken nei it ynfoljen fan ús risikoscan.

Guon eveneminten hawwe gjin impact op de iepenbiere romte en feiligens. Dan is in melding genôch. As in melding genôch is docht dat bliken út it ynfolle formulier.

Jo kinne it formulier tuskentiids opslaan om der op in letter stuit mei fierder te gean. Dêrfoar logge jo wer yn op: loket.smallingerland.nl/dossiers. Jo fine it tuskentiids opsleine formulier ûnder it tabblêd 'Tijdelijk opgeslagen'.

Tink derom: de úteinlike beslissing om it evenemint oan te merken as in melding of in A, B of C evenemint wurdt troch de boargemaster naam.

Oanfreegje evenemintefergunning

Jo kinne de evenemintefergunning oanfreegje fia ûndersteande link. Jo folje dêrby it oanfraachformulier yn. By jo oanfraach moatte jo yn alle gefallen de risikoscan, it draaiboek en in plattegrûn fan jo evenemintelokaasje taheakje. Ofhinklik fan it evenemint kinne wy om oanfoljende ynformaasje freegje.

Evenemintefergunning oanfreegje of melding dwaan


Evenemint op in terrein dat net fan jo is en gjin eigendom is fan 'e gemeente?

Dan moatte jo tastimming freegje oan de eigener fan 'e grûn. Foegje dy tastimming by de oanfraach. Organisearje jo bygelyks in kuiertocht oer terrein fan Staatsbosbeheer of It Fryske Gea? Freegje dêr dan ek tastimming foar en foegje dy by de oanfraach.

Termyn fan yntsjinjen

Freegje jo fergunning rom yn 't foar oan. Leafst 8 wike yn 't foar foar lytse eveneminten en foar tige grutte eveneminten 12 wike.

Kosten

Oan it organisearjen fan in evenemint binne kosten ferbûn. Hoefolle jo betelje, hinget ôf fan it soarte evenemint. Sa gau't de oanfraach yn behanneling naam is, binne jo leezjeplichtich.

Evenemint

Lyts evenemint €125
Middelgrut evenemint €187
Grut evenemint €2.337
Sneupmerk  (as bedoeld yn art. 5:22 & 5:23 Apv) €50
Melding Fergees

Oare mooglike fergunningen/ûntheffingen

Lûdsûntheffing (art. 4:6 Apv) €113
Untheffing art. 35 Alkoholwet €58
Lotterijfergunning  €113

Alkohol skinke?

Wolle jo swak-alkoholhâldende dranken skinke by jo evenemint? Dan moatte jo in ûntheffing art. 35 Alkoholwet oanfreegje. Dat dogge jo troch op it oanfraachformulier oan te jaan dat jo alkohol skinke wolle. Betingsten foar it skinken fan alkohol binne:

  • Der moat in liedingjaande oanwêzich wêze. Dy persoan is âlder as 18 jier en hat in SVH-diploma.
  • Der meie allinnich swak-alkoholhâldende dranken skonken wurde.
  • Der mei niet skonken wurde oan persoanen jonger as 18 jier.

Ferkearsregelers ynsette?

Sille jo ferkearsregelers ynsette? Sy binne ferplichte in ynstruksjekursus te folgjen en eksamen te dwaan. Sjoch op www.verkeersregelaarsexamen.nl. Dêr binne gjin kosten oan ferbûn.

Oanfoljende fergunning nedich?

Yn guon gefallen is de evenemintefergunning fan 'e gemeente Smellingerlân net genôch en hawwe jo tastimming of in fergunning nedich fan de provinsje Fryslân.

Eveneminten en de natuer

As jo evenemint plakhat yn ('e buert fan) in natuergebiet hawwe jo mooglik tastimming nedich fan de provinsje Fryslân. Mear ynformaasje dêroer fine jo op 'e webside fan de provinsje: Eveneminten en natuerbeskerming | Fryslan.

Eveneminten op in provinsjale dyk

As jo evenemint (foar in part) plakhat op in provinsjale dyk hawwe jo in omjouwingsfergunning fan de provinsje Fryslân nedich. Dy kinne jo oanfreegje fia de webside fan de provinsje: Evenementen op of langs provinciale weg | Fryslan .

Eveneminten op provinsjaal farwetter

As jo evenemint (foar in part) plakhat op provinsjaal farwetter hawwe jo in ûntheffing fan de farweiferoardering nedich. Dy kinne jo oanfreegje fia de webside fan de provinsje: Eveneminten en wurk(sumhed)en op it wetter | Fryslan.

Evenemintekalinder

Wy wurkje mei in evenemintekalinder. Op dy wize is it foar sawol ús as gemeente as foar de helptsjinsten ynsichtlik hokker eveneminten wêr en wannear plakhawwe sille yn 'e gemeente Smellingerlân yn 2026. De helptsjinsten sjogge bygelyks oft op dy datum net tefolle oare eveneminten organisearre wurde. 

Troch jo evenemint fan 2026 no fêst oan ús troch te jaan, kinne wy ek rekken hâlde mei jo evenemint by bygelyks it ûnderhâld oan de (eveneminte)lokaasjes. Wy freegje jo dêrom ek om foar 1 oktober 2025 de neikommende ynformaasje oan ús troch te jaan:

  1. Namme evenemint;
  2. Datum evenemint;
  3. Lokaasje evenemint; 
  4. Ferwachte tal besikers;
  5. Koarte taljochting aktiviteiten;
  6. Eventuele bysûnderheden (bygelyks: binne der grutte feroaringen neffens eardere edysjes fan jo evenemint?)

Jo kinne jo evenemint oanmelde troch in mail te stjoeren nei evenementen@smallingerland.nl.