Tastimming tydlike ferkearsmaatregels
Sille jo wurksumheden útfiere op of oan de iepenbiere dyk? Dan binne der tydlike ferkearsmaatregels nedich. Jo moatte dêr tastimming foar hawwe fan 'e gemeente.
Tydlike ferkearsmaatregels soargje derfoar dat in dyk foar in part of hielendal ôfsletten wurdt. By in iensidige ôfsluting kin ferkear oan ien kant fan 'e dyk noch gewoan ride. By in twasidige ôfsluting is de dyk hielendal ticht foar alle ferkear.
Wat moatte jo dwaan
Freegje tastimming foar it treffen fan tydlike ferkearsmaatregels oan fia de webside fan Melvin. Hâld dêrby rekken mei de neikommende betingsten:
- Jou by jo oanfraach ynformaasje oer de aard, de lokaasje, de doer en de perioade fan de wurksumheden.
- Foegje by de oanfraach fan in twasidige ôfsluting in ferkears- en/of omliedingsplan ta.
- Doch jo oanfraach op syn minst 15 wurkdagen foar de start fan de wurksumheden.
- In ûnfolsleine, ûndúdlike en/of te let yntsjinne oanfraach kin fertraging opsmite yn de ferwurking.
- Jo begjinne pas mei de wurksumheden as jo fan ús tastimming krigen hawwe. Sûnder tastimming fan 'e gemeente is it ferbean om ferkearsmaatregels op gemeentlike diken te treffen.
Hawwe jo gjin account foar Melvin? Freegje dan digitaal tastimming oan foar it treffen fan tydlike ferkearsmaatregels fia de neikommende knop.
Oanfreegje tastimming tydlike ferkearsmaatregels
Nei jo oanfraach
Neidat jo in oanfraach dien hawwe nimt de gemeente jo fersyk yn behanneling. Wy sjogge dêrby nei de rjochtlinen fan Kennisplaform CROW (Werk in Uitvoering 96b) en nei oare wurksumheden en ôfslutingen dy't fan ynfloed wêze kinne. Wy ynformearje de helptsjinsten oer de wurksumheden en ferkearsmaatregels.
Fragen of oerlis
Wolle jo yn 't foar oerlizze of hawwe jo in fraach? Nim dan kontakt op mei it Ferkearsloket. Dat kin troch te beljen nei 0512 581 234 of stjoer in mail nei gemeente@smallingerland.nl.