Bibob

Yn gemeente Smellingerlân fine we feilich wenje en ûndernimme belangryk. Dêrom hawwe wy in oantal regels opsteld dy't foarkomme moatte dat der misbrûk makke wurdt fan ús tsjinsten, lykas fergunningoanfragen. Dy regels steane yn de Wet Bibob: Wet bevordering integriteitsbeoordelingen door het openbaar bestuur.

Fergunningen en oare aktiviteiten

Om foar te kommen dat bepaalde fergunningen, subsydzjes, fêstgoedtransaksjes of oerheidsopdrachten misbrûkt wurde foar kriminele aktiviteiten, is de Wet Bibob ynfierd. Yn gemeente Smellingerlân fiere wy by ferskillende fergunningen en ferskillende oare aktiviteiten in Bibob-toets út.

Bibob-toets

By in Bibob-toets dogge wy as gemeente ûndersyk nei jo as persoan of as ûndernimmer. As wy sa'n ûndersyk dogge, litte wy dat altyd oan jo witte. De útkomsten fan dat ûndersyk binne fertroulik. Sawol de gemeente as jo hawwe geheimhâlding oer de útkomsten en meie dêr neat oer nei bûten bringe.

Beskermje

As gemeente wolle wy foarkomme dat wy ûnbedoeld en ûnbewust kriminele aktiviteiten mooglik meitsje. Mei de regels yn de Wet Bibob beskermje wy jo as ynwenner of jo konkurrinsjeposysje as betroubere ûndernimmer.

Bibob yn byld

By dizze fergunningen of aktiviteiten wurdt in Bibob-toets útfierd: 

 
    Brânsj
omgevingsvergunning milieu Omjouwingsfergunning miljeu
  • ôffalbrânsj
  • fjoerwurkbrânsj
omgevingsvergunning bouw Omjouwingsfergunning bou
  • drugsbrânsj
  • hoarekabrânsj
  • keamerferhierbrânsj
  • sinneparken
  • soarchynstellingen
  • wenweinterrein
  • fleanfjild Drachten
  • kânsspulbrânsj
  • prostitúsjebrânsj
alcoholvergunning Alkoholfergunning  
exploitatievergunning Eksploitaasjefergunning
  • hoareka
  • coffeeshops
  • spylautomatehallen
  • seksynrjochtingen/eskortbedriuwen
  • smartshops, headshops, growshops
  • belwinkels
  • nachtwinkels
evenementenvergunningen Evenemintefergunning
  • fjochtsportgala's
  • fleanfjild Drachten

By dizze aktiviteit dogge wy soms in Bibob-toets, mar dat bart net altyd:

  Aktiviteit
vastgoed en subsidies
  • fêstgoedtransaksjes
  • subsydzjes
  • oerheidsopdrachten

Ikoantsjes makke troch Freepik (Flaticon) en gemeente Almelo.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de Wet Bibob stiet op de webside fan Justis.