Boukavels

In hûs bouwe yn Smellingerlân? De gemeente ferkeapet kavels op ferskillende lokaasjes yn de gemeente. Lês mear oer de proseduere fan de ferkeap fan boukavels (pdf, 0,2 MB).

Vrijburgh

Wenwyk Vrijburgh leit krekt benoarden fan it sintrum fan Drachten. Jo sjogge dêr de dynamyk fan in stêd en de rêst fan it plattelân. Yn Vrijburgh binne noch kavels beskikber. Der is romte foar sawol projektmjittige as partikuliere bou. Vrijburgh leit ek deunby it bûtengebiet fan Drachten mei de autodyk nei Ljouwert ta deunby. De kavelgrutte binnen Vrijburgh fariearret fan 300 m2 oant goed 600 m2.

  • Plattegrûn Vrijburgh (pdf, 0,3 MB) 
  • Kavelprizen Vrijburgh (pdf, 0,1 MB)

Middelgeast (Boarnburgum)

It nijbouplan Middelgeast leit by it doarp Boarnburgum bewesten Drachten. Dat plan is ûnderdiel fan in lanlike oergongssône mei de heger lizzende bosrike gebieten oan de oare kant. Mei sneldyk A7 deunby binne jo binnen in healoere yn Grins of Ljouwert. Binne jo leafhawwer fan wettersport? De grutste jachthaven fan Fryslân is op fytsôfstân. De grutte fan de kavels fariearret fan 723 m2 oant 830 m2.

  • Plattegrûn Middelgeast (pdf, 0,3 MB)
  • Kavelprizen Middelgeast (pdf, 0,2 MB)