Bestimmingsplannen besjen
Wolle jo witte oft jo op in lokaasje yn 'e gemeente Smellingerlân bouwe of ferbouwe meie, oft in gebou geskikt is foar it iepenjen fan in winkel of kafee, of oft in terrein geskikt is om in bedriuw te fêstigjen? De measte bestimmingsplannen kinne jo online besjen yn Planviewer.
Yn in bestimmingsplan stiet:
- hoe't in gebiet yn de gemeente Smellingerlân brûkt wurde mei, bygelyks foar wenjen, yndustry of lânbou;
- wat der op in terrein boud wurde mei en hoe heech oft it gebou wêze mei. Tink oan wenhuzen of bedriuwen;
- regels oer wêr’t in gebou foar bedoeld is, bygelyks as winkel, bedriuw of om yn te wenjen.
In bestimmingsplan bestiet út:
- in kaart;
- regels foar gebrûk en gebouwen;
- útlis oer wat wol en net mei.
Dit moatte jo witte
- In bestimmingsplan jildt foar elkenien: ynwenners, bedriuwen en organisaasjes. Mar ek foar de gemeente sels.
- Binne jo der net wis fan oft jo plan binnen it bestimmingsplan past? Meitsje in ôfspraak mei de gemeente om te oerlizzen oer jo plan.