Gemeenteried

De gemeenteried fertsjintwurdiget alle ynwenners fan de gemeente Smellingerlân. Mei-inoar binne se it bestjoer fan de gemeente. De gemeenteried bepaalt de haadlinen fan it gemeentlik belied. Ek kontrolearret de ried oft it kolleezje fan boargemaster en wethâlders syn taken goed útfiert. De gemeenteried hat regelmjittich gearkomsten. Jo kinne live meisjen mei in riedsgearkomste of letter weromsjen.

Live meisjen mei in riedsgearkomste

Hjir kinne jo meisjen mei in riedsgearkomste.

Live meisjen

In riedsgearkomste weromsjen

Hjir kinne jo in riedsgearkomste weromsjen.

Weromsjen

Ynformaasje oer de gemeenteried en gearkomsten

Hjir fine jo mear ynformaasje oer de riedsleden, de gearkomstekalinder en de gearkomstestikken.

Mear oer de ried

Kontakt mei de gemeenteried

Hawwe jo in algemiene fraach oer de gemeenteried of it riedswurk? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de griffy, fia griffie@smallingerland.nl

Rûne Tafel

De ried heart by de Rûne Tafel graach jo miening oer ûnderwerpen dy't op 'e aginda steane. Lês hjir hoe't jo meidwaan kinne oan de Rûne Tafel.

It Plein

Yn it skoft fan de gearkomstejûnen is It Plein, dêr't jo op ynformele wize ûnderwerpen oankaarte kinne by de riedsleden. It Plein begjint fuort nei de Rûne Tafel (uterlik om 20.00 oere) en duorret in healoere. Oanmelde kin oant 12.00 oere op de dei fan de riedsgearkomste fia griffie@smallingerland.nl. Jou dêrby oan oer hokker ûnderwerp jo it ha wolle.

Rekkenkeamer

De Rekkenkeamer fiert ûndersyk út nei it funksjonearjen fan de gemeente. Nei oanlieding fan in ûndersyk jout de Rekkenkeamer oanbefellingen oan de gemeenteried. Mear ynformaasje oer de Rekkenkeamer fine jo op de webside fan de gemeenteried.

Gemeenteried 2022