It Plein

Bring by It Plein in ûnderwerp yn dat net op 'e aginda stiet.

Oanmelde foar It Plein

Dit moatte jo witte

  • It Plein begjint fuortendaliks nei de Rûne Tafel, op syn lêst om 20.00 oere.
  • It Plein duorret in healoere.
  • In ûnderwerp wurdt meastal net op ien jûn yn alle rondes besprutsen.
  • Is in ûnderwerp yn 'e Rûne Tafel besprutsen? Dan komt it ûnderwerp twa wike letter yn It Debat en It Beslút. Dit jout de ried de tiid om oer de ynbrochte ynformaasje nei te tinken.
  • Jo krije in nammebuordsje en in steantafel dêr't jo jo ûnderwerp op presintearje kinne.
  • De griffy ynformearret de riedsleden oer jo komst en fertelt harren fêst oer it ûnderwerp dat jo besprekke wolle.
  • Meld jo oan fia boppesteande button. Dat kin oant 12.00 oere op 'e dei fan de riedsgearkomsten.
  • Leaver oer de post in ûnderwerp ynbringe? Dat kin. Stjoer in brief nei de gemeenteried fan Smellingerlân, rjochte oan de griffy.
  • In boargerinisjatyf yntsjinje kin ek. 

In boargerinisjatyf

  • Is rjochte op it befoarderjen fan it algemien belang (dus net fan ien syn persoanlike of saaklike belang);
  • hat in mearwaarde foar de mienskip;
  • fynt plak yn de iepenbiere romte (dus net yn de eftertún of thús op souder);
  • hat in rol foar de gemeente.

Stimgerjochtigden foar de gemeenterie meie in boargerinisjatyf yntsjinje. It makket net út of jo ynwenner binne fan de gemeente Smallingerlân of net (want miskien wenje jo wol earne oars en ha jo in geweldich goed idee). Folwoeksenen kinne in boargerinisjatyf yntsjinje út namme fan harren bern. Ek jongerein fan 16 jier of âlder dy't yn de gemeente Smellingerlân wenje en rjochtspersoanen lykas ferieningen of stiftingen meie in boargerinisjatyf yntsjinje.
It inisjatyf moat stipe wurde troch 25 hantekeningen fan minsken dy't ek in inisjatyf yntsjinje meie. Dizze 25 stipers moatte wól yn Smellingerlân wenje, om der wis fan te wêzen dan der draachflak is foar it yntsjinne idee.

As jo in boargerinisjatyf starte wolle, dan kinne jo altyd kontakt opnimme mei de griffy foar mear ynformaasje via griffie@smallingerland.nl